Josippon

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Josippon (1546)

Josippon is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. Yn it kristendom wurdt it ta de kanon rekkene fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en fan 'e ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke. Yn 'e Etiopysk-otterdokse Bibel is it it alderlêste boek fan it Alde Testamint, folgjend op 'e tolve Lytse Profeten.

Oarsprong[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't Josippon (de titel is de namme "Joazef" mei in Grykske útgong) in pseudepigrafysk geskrift is ûnder de namme fan 'e Joadske histoarikus Josefus (37100), is men fan tinken dat it eins (yn it Hebrieusk) skreaun wêze moat troch in Joazef ben Gorion, in joad út súdlik Itaalje. Wannear't dy krekt libbe hat, is net alhiel wis, mar men giet yn 'e regel út fan 'e njoggende of de tsiende ieu. Mei't bekend is dat de Andalúsysk-Arabyske learde ibn Ḥazm (994-1064) bekend wie mei in fertaling fan Josippon yn it Arabysk troch in Jemenitysk-Joadske oersetter, liek it de Russysk-Joadske oriïntalist Daniel Chwolson (1819-1911) ta dat Ben Gorion yn 'e earste helte fan 'e njoggende ieu libbe hawwe moast.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Josippon is in kronyk fan 'e Joadske skiednis, dy't úteinset by Adam en Eva en de ierdrykskundige foarm dy't de wrâld doedestiden hie, en dan fierder giet mei te ferheljen oer it mytyske ferline fan Rome en Babylon. Ek de Israelityske kening David; Syrus de Grutte, dy't in ein makke oan 'e Babyloanyske Ballingskip fan 'e Joaden; Serûbbabel, dy't de Joaden nei ôfrin fan 'e ballingskip weromlate nei it Unthjitten Lân; en Aleksander de Grutte en syn opfolgers komme op 't aljemint. Dan folget in beheinde skiednis fan 'e Joaden dy't einiget mei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen, yn it jier 70, en it regear fan 'e Romeinske keizer Titus (79-81). It lêste part befettet û.m. in koarte beskriuwing fan Hannibal en in ferslach fan 'e kroaning fan in net by namme neamde keizer. Neffens de hugenoatske bibelgelearde en preker Jacques Basnage de Beauval (1653-1723) giet it dêrby om 'e kroaning fan 'e Hillige Roomske keizer Otto de Grutte, yn 962. As dat wier is, soe Josippon de iennichste histoaryske boarne wêze dy't dêr folle oer te melden hat. Wat de rest fan it boek oanbelanget, omfettet Josippon lykwols mear leginden as skiedsskriuwing, ek al waard de histoaryske wearde derfan lange tiid sûnder mear oannommen.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Josippon waard yn 'e Midsieuwen in protte lêzen, benammen troch de Joaden, en stie ûnder harren heech oanskreaun (al waard it nea ûnderdiel fan harren bibelske kanon). It waard foar it earst printe yn 1476 yn Mantua en sûnt is it yn withoefolle foarmen ferskynd. De populêrste ferzje wie in oersetting yn it Jiddysk, dy't fan nuveraardige yllústraasjes foarsjoen wie. Ek in ferkoarte Ingelske fertaling, troch Peter Morvyn, út 1558, waard gâns lêzen (troch kristenen), sasear dat er kear op kear werprinte wurde moast. De Ingelsk-Joadske histoarikus en sjoernalist Lucien Wolf (1857-1930) hat oantoand dat de earste Ingelske bibeloersettings, dy't yn 'e earste helte fan 'e sechstjinde ieu as útfloeisel fan 'e Reformaasje ferskynden, ûnder de Ingelske befolking in ûnbidige fraach nei mear ynformaasje oer de Joaden oprôpen, en dat Josippon yn dy fraach foarseach. Sa foarme dizze tekst in wichtich ûnderdiel fan 'e ûntjouwing dy't derta late dat der yn 1656, ûnder de Ingelske Republyk fan Oliver Cromwell (reg. 1649-1658), foar it earst sûnt de útwizing fan 'e Joadske mienskip yn 1290, ûnder it regear fan kening Edwert I, wer Joaden yn Ingelân talitten waarden.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer |
Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) |
Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs |
2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen |
Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs |
Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus |
Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas |
Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas |
Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set |
Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus