Evangeelje fan Marsion

Ut Wikipedy
Evangeelje fan Marsion
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 100150 n.Kr.

It Evangeelje fan Marsion, dat troch de oanhingers fan it marsionisme it Evangeelje fan de Heare neamd waard, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wurdt ornaris ta de gnostyske evangeeljes rekkene (al mei dy yndieling twifelich achte wurde), en moat datearre wurde yn 'e earste helte fan 'e twadde iuw. It is skreaun troch de kristlike teolooch Marsion fan Sinope, nei waans miening oft de God fan it Alde Testamint fan 'e Bibel in hiele oare godheid wie as de God fan it Nije Testamint, en dy't in ferzje fan it kristendom foarstie dy't folslein ûntdien wie fan alle joadske ynfloeden. Syn lear (it marsionisme) waard yn it jier 144 troch de Tsjerke bestimpele ta ketterij.

Oerlevering en ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it eigentlike Evangeelje fan Marsion binne mar in pear fersprate fragminten oerlevere, mar der wiene safolle otterdoks kristlike apologeten dy't nei syn dea traktaten tsjin Marsion syn tinkbylden skreaune, dat it iroanyskernôch mooglik bleken is om frijwol syn hiele evangeelje te rekonstruëarjen út 'e troch syn tsjinstanners oanhelle sitaten. Marsion bedoelde syn evangeelje ta ferfanging fan 'e kanonike evangeeljes, dy't yn syn eagen troch it joadendom korrumpearre wiene. Oangeande de opmerklike oerienkomsten tusken it Evangeelje fan Marsion en it kanonike Evangeelje fan Lukas besteane der twa teoryen. Òf Marsion hat it doe al besteande Evangeelje fan Lukas op 'e nij besjoen om it oan syn eigen teologyske aginda oan te passen, òf syn Evangeelje fan de Heare datearret fan foàr Lukas en is neitiid brûkt as ien fan 'e boarnen dêr't Lukas út gearstald is. De mearderheid fan 'e saakkundigen hâldt it op 'e earste mooglikheid.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus

[[[Kategory:Apokryf boek fan it Nije Testamint]]