Evangeelje fan Barnabas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Evangeelje fan Barnabas, dat net betize wurde moat mei it Brief fan Barnabas of de Hannelingen fan Barnabas, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e apostel Barnabas, dy't yn dit geskrift ien fan 'e tolve oarspronklike apostels is, hoewol't er dat neffens de bibelske kanon net wie. Krekt as de kanonike evangeeljes beskriuwt it Evangeelje fan Barnabas it libben en de lear fan Jezus fan Nazaret, mar yn Barnabas binne de ferhalen út 'e Evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes mear mei-inoar yn oerienstimming brocht, en wat dat oangiet, is it in evangeeljeharmony net wanlyk. In dúdlik ferskil mei de kanonike evangeeljes is lykwols dat Barnabas dúdlik oanjout dat Jezus in profeet wie ynstee fan 'e Soan fan God of de messias. Op dat mêd liket it oer te hingjen yn 'e rjochting fan 'e islaam. Men wit dat der fan it Evangeelje fan Barnabas teminsten twa manuskripten bestien hawwe, ien yn it Spaansk en ien yn it Italjaansk, mar it Spaanske is ferlern gien en oerlibbet inkeld fia in fragmintaryske achttjinde-ieuske kopy, dat de tekst as gehiel is inkeld oerlevere yn it Italjaansk. Sawol de Spaanske as de Italjaanske ferzje wurde datearre yn 'e lette sechstjinde ieu.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It Evangeelje fan Barnabas is likernôch sa lang as de fjouwer kanonike evangeeljes mei-inoar, en hoewol't it fan tige lette oarsprong is, achtsje saakkundigen it hoegenamt net útsletten dat it details oernommen hat út eardere wurken, lykas dy fan gnostyske, ebionityske of diatessaroanyske synjatuer.

Barnabas sprekt dúdlik it Nije Testamint en de otterdokse kristlike lear tsjin oangeande de natuer fan Jezus en dy syn ûnderrjocht, mar fertoant sterke oerienkomsten mei it islamitysk leauwe. Net allinnich wurdt de profeet Mohammed yn 'e tekst by namme neamd (haadstik 39), mar teffens wurdt Jezus planút en op in tige anty-paulinyske en anty-trinitaryske wize beskreaun as in profeet en net as de Soan fan God of de messias, wylst Paulus de "bedragene" neamd wurdt. Fierders wol it Evangeelje fan Barnabas hawwe dat Jezus oan syn krusiging ûntkaam meidat er troch ingels nei de himel opfierd waard, wylst syn ferrieder Judas Iskariot yn syn plak oan it krús stoar. Yn 'e Koraan wurde de profeet ’Isa (de Arabyske foarm fan 'e namme Jezus) en dy syn libbensein suver krekt-en-gelyk beskreaun. Guon islamityske teologen beskôgje de ynhâld fan Barnabas sadwaande as it troch de Tsjerke ûnderdrukte oarspronklike boadskip fan it kristendom.

Lykwols, oare passaazjes sprekke de Koraan tsjin, lykas it ferhaal oer de berte fan Jezus, wêryn't útholden wurdt dat Marije gjin pine fielde wylst se yn 'e weeën lei, of dielen fan Jezus syn ûnderrjocht, lykas wannear't er it drinken fan wyn tastiet of de lju oanfiteret ta in monogaam houlik. Dêrby moat trouwens ek wer opmurken wurde dat de Koraan erkent dat eltse profeet in eigen bestel oan wetten ûnderrjochte, dy't yn guon aspekten ôfwike kinne faninoar en fan 'e lear fan Mohammed.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus