Twadde Traktaat fan de Grutte Set

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Twadde Traktaat fan de Grutte Set is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It datearret út 'e trêde ieu, en is it wurk fan in anonime skriuwer. De ferwizing nei Set, de Egyptyske god fan 'e woastyn, stoarmen en gaos (of mooglik nei Set, de trêde soan fan Adam en Eva), komt nearne yn 'e tekst oan 'e oarder, en it hoe en wêrom fan 'e titel is dan ek noch altyd in riedsel.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It Twadde Traktaat fan de Grutte Set hâldt út dat Jezus Kristus net troch krusiging stoar, sa't de kanonike evangeeljes sizze, mar dat syn plak oan it krús ynstee by fersin ynnommen waard troch Simon fan Syrene, de man dy't neffens de synoptyske evangeeljes troch Romeinske soldaten ronsele waard om Jezus syn krús nei de heuvel fan Golgota te dragen doe't Jezus dat sels net mear oprêde. De tekst liket fierders in dosetistyske kristology út te dragen, wêrby't de weropstanning fan Jezus út 'e dea inkeld in weropstanning fan 'e geast wie (en net ek fan it lichem, sa't de otterdokse tsjerkelear hawwe woe). Dejingen dy't leauden dat Jezus oan it krús stoarn en fysyk opstien wie út 'e dea, wurde omskreaun as de folgelingen fan "in lear fan in deade". It Twadde Traktaat jout dúdlik blyk fan 'e minachting dy't de ynwijden fan 'e geheime lear (gnosis) fielden foar de (mearderheid fan 'e) kristenen dy't neffens harren net begriepen hoe't de wierheid yninoar siet.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus