Gebed fan Manasse

Ut Wikipedy
Gebed fan Manasse
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm gebed
skreaun <4e iuw n.Kr.

It Gebed fan Manasse is in koarte tekst fan fyftjin fersen dy't it boetfeardige gebed fan kening Manasse fan Juda hjit te wêzen. Neffens de Bibel wie Manasse ien fan 'e keningen fan Juda dy't it ferbûn tusken God en de Joaden it meast ûntrou wie (2 Keningen 21:1-18 en 2 Kroniken 33:1-9). Yn 2 Kroniken, mar net yn 2 Keningen, wurdt fierders ferteld dat Manasse troch de Assyriërs kriichsfinzen nommen waard (2 Kroniken 33:10-11); dat er yn syn finzenskip God oanrôp yn gebed en dat God him ferbidde liet en him befrijde út syn benearing en op 'e nij kening fan Juda makke (2 Kroniken 33:12-13); en dat Manasse dêrop de ôfgoadetsjinst oan 'e kant reage en tenei trou wie oan God (2 Kroniken 33:15-17). In ferwizing nei syn gebed, mar net it gebed sels, stiet yn (2 Kroniken 33:19), dêr't derfan sein wurdt dat it fêstlein is yn 'e Kroniken fan Chozai (of de Kroniken fan de Sjenners).

It Gebed fan Manasse wurdt as apokryf beskôge troch de joaden, de Roomsk-Katolike Tsjerke en alle protestantske denominaasjes, al waard it yn 'e lette fjirde iuw yn 'e Latynske Fulgaat oan 'e ein fan 2 Kroniken fêstplakt. Paus Klemins VIII foege it oan 'e Latynske Bibel ta as in apokrife taheakke "dat it net alhiel weiwurdt". De Anglikaanske Tsjerke lit it ek yn syn bibels ôfprintsje, mank de oare apokrife teksten. It Gebed fan Manasse stiet yn guon edysjes fan 'e Grykske Septuaginta, mar it net yn moderne Gryksk-otterdokse bibels.

It wurdt lykwols wol deeglik as kanonyk beskôge troch de Slavyske en oare net-Grykske eastersk-otterdokse tsjerken (lykas de Russysk-, Servysk-, Bulgaarsk-, Roemeensk- en Georgysk-Otterdokse Tsjerke), en ek troch de oriïntaalsk-otterdokse tsjerken, mei dêrunder de Etiopysk-, Armeensk- en Syrysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 'e measte fan dy kanons foarmet it Gebed fan Manasse in apart bibelboek, behalven yn 'e kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, wêryn't it tafoege is oan 2 Kroniken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus