Gnostyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Gnostyk is in iere streaming yn it kristendom.

De gnostyk as kristlike streaming is op 'e nij yn de belangstelling kaam troch de fynst fan 52 gnostiske skriften by Nag Hammady yn Egypte, yn 1945. Foar dizze fynst wienen tsjerkehistoarisy meastentiids fan betinken dat de gnostyk beskôge wurde moast as ketterij, wat der op del kaam dat it in ôfwiking wie fan de haadstream fan it kristendom. Lykwols geane tsjintwurdige histoarisy hieltyd mear oer om de gnostyk in foaroansteande posysje te jaan yn de wurdingsskiednis fan it iere kristendom.

Kearntema[bewurkje seksje | edit source]

It kearntema fan de gnostyk is dat de minske folslein ferjitten is wat er yn werklikheid is. De net ferloste minske is 'himsels kwyt'. As gefolch dêrfan hat sa'n ien it kontakt my syn inerlik witten, de gnosis, ferlern. Wa himsels kwyt is, libbet as in slaaf fan ûnpersoanlike machten. Dy steat fan ferfrjemding fan it wiere sels wurdt yn de gnostyske teksten op ferkillende wizen beskreaun. De meast brûkte term dêrfoar is 'de dwaling', yn de betsjutting fan 'it paad kwyt wêze'.

Jesus spilet yn de gnostyske teksten in folslein oare rol as yn it tradysjonele kristendom. Yn de gnostyk is Jezus in boadskipper dy't de minske opropt himsels wer yn it ûnthâld te bringen. De gnostyk jout net folle wearde oan it leauwen. Foaroer it leauwen stelt dy kristlike streaming de gnosis. Gnosis (Γνωσις) is it Grykske wurd foar kennis, en wurdt hjir brûkt yn de betsjutting fan kennis fan de wiere aard fan de minske.

In soad gnostyske teksten skriuwe dat Jezus foarstanner wie foar in radikale breuk mei it godsbyld fan it Alde Testamint. De god fan leafde wêr't Jezus it oer hie koe ûnmooglik deselde wêze as de wraakzuchtige en wrede God út it Alde Testamint, leare dizze teksten. Froulju hienen yn de gnostyske mienskippen in lykweardige posysje oan manlju en koenen ek sakramintele funksjes útoefenje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

  • Gnostisisme, in brede godstsjinstige streaming dy't ôfkomstich is út de Aldheid.