Hannelingen fan Tomas

Ut Wikipedy
Hannelingen fan Tomas
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 3e iuw

De Hannelingen fan Tomas is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas, al wurdt dy yn 'e tekst ornaris fan "Judas" of "Judas Tomas" neamd (mei't "Tomas" "twilling" betsjut en de anonime skriuwer dat blykber beskôge as in bynamme). De Hannelingen fan Tomas, dat net betize wurde moat mei it Evangeelje fan Tomas of it Berne-evangeelje fan Tomas, datearret nei alle gedachten út 'e iere trêde iuw. Yn folsleine foarm is it oerlevere yn it Syrysk en it Gryksk, wylst fragminten yn ferskate oare talen bewarre bleaun binne. Nuveraardichheden yn 'e Grykske tekst wize derop dat dy in oersetting út it Syrysk is, en dat de Hannelingen fan Tomas dus oarspronklik yn it Syrysk skreaun wêze moatte. De oerlevere Syrysktalige manuskripten binne lykwols ûntdien fan 'e iepentlikste gnostyske passaazjes, sadat de Grykske ferzjes de oarspronklike tekst better werjouwe. Der binne fragminten oerlevere fan fjouwer oare "hannelingen" fan Tomas, mar dit is de iennichste folsleine.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hannelingen fan Tomas ferhellet oer de sindingsreis dy't de apostel Tomas neffens de leginde ûndernaam nei Yndia, dêr't er rûnom it evangeelje útdraacht en wûndertekens ferrjochtet. It einiget mei syn martelderskip as er mei spearen deade wurdt om't er ien fan 'e froulju fan 'e kening "Misdéus" (Vasudeva I) bekeard hat, en dêropta noch in manlik famyljelid fan 'e kening, dy't Charisius hjitten hawwe soe. It is in romantisearre tekst dy't folksleginden kombinearret mei religieuze propaganda en sawol ûnderwize as fermeitsje wol. Yn 'e Hannelingen fan Tomas is op ferskillende plakken, ôfhingjend fan 'e ûnderskate manuskripttradysjes, in Syryske hymne, De Hymne fan de Pearel, opnommen. Dat is in geskrift dat folle âlder is as de Hannelingen fan Tomas en dat ek wol selsstannich oerlevere is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Medlycott, A. E., India and The Apostle Thomas.
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus