Berne-evangeelje fan Tomas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Berne-evangeelje fan Tomas (dat net betize wurde moat mei it Evangeelje fan Tomas) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Tomas en kin op syn ierst datearre wurde om it jier 80 hinne, hoewol't de measte saakkundingen it deroer iens binne dat it út 'e midden oant 'e ein fan 'e twadde ieu stamje moat. Sa't de titel al seit, is it in berne-evangeelje, in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan Jezus fan Nazaret, sa't dy yn it kanonike Evangeelje fan Lukas oanhelle wurde. It is ûndúdlik oft it Berne-evangeelje fan Tomas oarspronklik yn it Gryksk of it Syrysk skreaun wie, mei't de ierste Gryksktalige hânskriften pas út 'e trettjinde ieu datearje, wylst de ierste manuskripten in tige ferkoarte Syrysktalige ferzje út 'e sechsde ieu en in Latynske palimpsest út 'e fyfde of sechsde ieu binne.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It Berne-evangeelje fan Tomas beskriuwt it libben fan Jezus as bern, mei fantastyske en soms kwea-aardige boppenatuerlike foarfallen, dy't de Grykske myten oangeande it aard fan godsbern net wanlyk binne. Op in stuit makket Jezus fûgels fan klaai, dy't er dan ta libben wekket; dat is in die dy't ek oan him taskreaun wurdt yn 'e Koraan (haadstik 5, fers 111: "Wannear't God sizze sil: 'O Jezus, soan fan Marije, betink Myn geunst oan jo en jo mem, doe't Ik jo mei de geast fan hillichheid fuortsterke, dat jo as bern en yn jins middeljierren ta it folk sprieken en doe't Ik jo it Boek en de wysdhied en de Toara en it Evangeelje ûnderrjochte en doe't jo troch Myn gebod út klaai de foarm fan in fûgel makken, doe der yn bliezen en it in fûgel waard troch Myn gebod; en doe't jo de blinen en de melaatsken troch myn gebod genêzen hawwe en de deaden opwekke; en doe't Ik de bern fan Israel derfan wjerholden haw (en deadzje jo), doe't jo mei dúdlike tekens ûnder harren kamen en dejingen ûnder harren dy't dy fersmieten, seine: 'Dit is neat, oars net as klearebare tsjoenderij.'").

In oare kears wurdt it wetter dat Jezus opikkere hat, ferpuozze troch in oare jonge. Dêrop ferflokt Jezus him, dat de jonge it bestjert. In oare jonge giet dea as er, skynber by ûngelok, tsjin Jezus oanrint, in stien nei Jezus smyt, of Jezus in opstopper jout (ôfhingjend fan 'e oersetting). As de buorlju fan Joazef en Marije by harren komme om ferhaal te heljen, wurde se troch Jezus mei blinens slein. Dêrnei wurdt der in learaar oannommen om Jezus ûnderrjocht ta jaan, mar hy is sa waanwiis dat er ynstee de learaar ûnderrjochtsje wol en de man ûntrêstiget mei boppenatuerlike tekens. Jezus fynt de ûntrêstiging fan 'e man fermaaklik, en hy werropt al syn eardere skynbere wredens. Dêrnei wekket er in freon wer ta libben dy't fan it dak ôf fallen is en genêst in oarenien dy't himsels yn 'e foet houd hat mei in bile. Nei ûnderskate oare demonstraasjes fan boppenatuerlik kinnen wurde der nije leararen foar Jezus oanlutsen, mar ynstee leit er harren de Wet fan Mozes út. Dan folget in nije rige wûndertekens, wêrby't er syn broer genêst fan in slangebyt en twa oaren ta libben wekket dy't oan ferskillende dingen stoarn binne. Ta einbeslút folget dan it ferhaal út Lukas 2:41-52, wêryn't er op tolvejierrige âldens de wetgelearden yn 'e Timpel de Wet útleit.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer |
Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) |
Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs |
2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen |
Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs |
Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus |
Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas |
Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas |
Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set |
Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus