Evangeelje fan Lukas
It evangeelje nei Lukas (meastentiids koartwei Lukas neamd) is it tredde evangeelje yn it Nije Testamint. It is ien fan de trije synoptyske evangeeljes.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skriuwer
Alhoewol't yn it boek de namme fan de skriuwer net neamd wurdt, giet de tradysje der fanút dat it boek skreaun is troch Lukas, dy't neffens guons dokter wie en de apostel Paulus op syn reizen fergezele. In oar Bibelboek Hannelingen fan de Apostelen soe nei alle gedachten ek fan syn hân west ha. Dat Lukas dokter west hawwe soe, docht bliken út de protte oandacht dy't hy joech oan alle ferhalen oer siken en harren wûnderbaarlike genêzings.
De skriuwer fan it boek sels, skriuwt net dat er sels tsjûge wie fan it libben fan Jezus, mar wol dat er alles tige goed ûndersocht hat en it ferhaal ordintlik opskreaun opstelt hat (Lukas 1:1-4).
Lukas makke by syn ûndersyk nei gedachten gebrûk fan ferskate boarnen. Neffens teologen wize de grutte oerienkomsten mei de oare evangeeljes op it gebrûk fan deselde boarnen. Fan de 1151 fersen hat Lukas der 389 mien mei it evangeelje fan Matteus en it evangeelje fan Markus, 176 allinnich mei Matteus, 41 allinnich mei Markus en dêr binne 544 fersen dy't allinnich by Lukas foarkomme. Yn in soad gefallen komt sels de wurdkar oerien.
Dizze oerienkomst wurdt it synoptysk fraachstuk neamd. De meast akseptearre teory is de twa boarnen teory, dêr't it evangeelje fan Markus tegearre mei in net bekende boarne boarne Q (Dúts: Quelle) neamd, as basismateriaal foar sawol Matteus as Lukas yn tsjinne hat.
De kristlike teolooch Irenaeus is om-ende-by 180 de earste dy't Lukas as skriuwer neamd fan it evangeelje.
[bewurkje seksje] Untstean en datearring
Neffens de kristlike tradysje soe Lukas syn evangeelje skreaun hawwe op oanwizingen fan Paulus, dy't dertroch in ynformaasjeboarne foar Lukas wie. As Lukas ek de skriuwer is fan it boek Hannelingen fan de apostelen soe dat betsjutte dat it evangeelje krekt dêrfoar yn it tiidrek 60-63 opsteld wêze moat.
Tsjintwurdich wurdt Lukas sawol earder (40-60) as letter (80-130) datearre.
[bewurkje seksje] Ynhald
It evangeelje fan Lukas begjint mei in wiidweidige beskriuwing fan de berte fan Jezus hokker ferhaal mei Kryst altyd foarlêze wurdt. Dan folget in wiidweidige beskriuwing fan it optreden fan Jehannes de Doper en befetsje lykas yn Matteus in ferslach fan de berchrede en it gebed Us Heit.
Yn dit evangeelje komt útsein in oant wûnderen inkele bekende gelikenissen foar dy't net foarkomme by de oare evangeeljes, twa foarbylden hjirfan binne de gelikenis fan de ferlearen soan en de barmhertige Samaritaan.
In wichtich part yn dit evangeelje wurdt ynnommen troch de lijensskiednis, it lijen en stjerren fan Jezus.
It evangeelje einiget mei it ferhaal fan de Emmaüsgangers, dat him ôfspilet krekt nei de dea fan Jezus en syn opstanning.
[bewurkje seksje] Skaaimerken
- Lukas hat in protte oandacht foar de earmen, de frou en de Hillig Geast.
- It evangeelje befetsje 28 ferskate referinsjes nei it Alde Testamint.
- In protte wurden en parten fan sinnen komme ek foar yn de brieven fan Paulus, fergelyk Lukas 4:22 mei de Efezjers 4:6; Lukas 4:32 mei 1 Korintjers 2:4; Lukas 6:36 mei 2 Korintjers 1:3; Lukas 6:39 mei Romeinen 2:19; Lukas 9:56 mei 2 Korinjers 10:8; Lukas 10:8 mei 1 Korintjers 10:27; Lukas 11:41 mei Titus 1:15; Lukas 18:1 mei 2 Tessalonikenzen 1:11; Lukas 21:36 mei Efezjers 6:18; Lukas 22:19-20 met 1 Korintjers 11:23-29; Lukas 24:34 mei 1 Korintjers 15:5.
- Wurdkar en taalgebrûk yn dit evangeelje en it boek Hannelingen komt hiel bot oerien.