Eeltsje Boates Folkertsma

Ut Wikipedy
Eeltsje Boates Folkertsma
skriuwer
Eeltsje Boates Folkertsma
Eeltsje Boates Folkertsma
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 13 novimber 1893
berteplak Ferwert
stoarn 1 jannewaris 1968
stjerplak Frjentsjer
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk
streaming romantyk, realisme

Eeltsje Boates Folkertsma (13 novimber 1893, Ferwert1 jannewaris 1968, Frjentsjer) wie in Frysk skriuwer en ûnderwizer.

Jongfriezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eeltsje Boates Folkertsma kaam út in grifformeard fermidden, dêr’t Abraham Kuyper yn hege eare holden waard. Hy waard oplaat foar ûnderwizer oan de kweekskoalle yn Dokkum en waard ûnderwizer yn Drachten en op De Gaastmar. Al gau krige er niget oan it Frysk. Hy waard doe fral beynfloede fan Douwe Kalma. Doe’t Kalma de Jongfriezen yn 1915 oprjochte waard Folkertsma skriuwer. Dochs it die bliken dat de karakters fan Kalma en Folkertsma tige ferskilden. Kalma wie frijsinnich en Folkertsma string kalvinistysk. Yn 1920 gienen se dan ek útinoar. Folkertsma sei de skoalle op en libbe yn Ljouwert as publisist. It wie gjin fetpot, mar Folkertsma koe der as frijfeint fan bestean.

Opfetting oer it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folkertsma waard bot beynfloede troch wat yn de Nederlânske literatuer de Tachtigers neamd wurdt. Dêrtroch is it wurk fan Folkertsma foar de hjoeddeiske lêzer net maklik te lêzen. Hy woe foaral it Frysk ferheffe ta in kultuertaal. Dat die er as romantikus, realisme en troch syn leauwe. Folkertsma syn oertsjûging wie, dat as it Frysk gjin literêre foarm hie, de taal ferdwine soe.

Blêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920 begûn er mei it ienmans tydskrift Tsjûgenis. Doe fûn er oansluting by it Kristlik Frysk Selskip. Hy hat meiwurke oan Yn ús eigen tael en waard yn 1928 redakteur fan De Stim fan Fryslân. Yn 1945 waard hy lid fan kommisje fan redaksje fan it Frysk Deiblêd. 1949 waard er ek redakteur fan it literêr blêd De Tsjerne. Dêrneist skreau er yn mear blêden. Folkertsma syn wurk is dêrtroch tige ferspraat rekke.

Folkertsma krige út it fermidden fan it KFS ek wer nije maten. Fedde Schurer, Ulbe van Houten en Inne de Jong fielden harren ynspirearre troch it wurk fan Folkertsma.

De Fryske beweging.[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1924 waard Folkertsma de lieder fan it Kristlik Frysk Selskip. Sa spile er ek mei yn de hiele Fryske beweging. By alles wat der tusken de beide Wrâldkrigen yn dat ferbân oprjochte is hat Folkertsma mei oan ‘e widze stien.

Yn 1940 die it rillegau bliken dat de Dútsers, wêrûnder Eastfriezen, belangstelling hienen foar de Fryske beweging. Om nazifikaasje fan de beweging tsjin te gean, waard 31 july 1940 in trijemanskip yn ‘t libben roppen fan Ds. Jacob Jetses Kalma foar it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, Folkertsma foar it Kristlik Frysk Selskip en Rintsje Pieters Sybesma út de mear nasjonaal-sosjalistyske streaming. Dy foarm fan kollaboraasje waard opset as beskerming tsjin slimmere nasjonaal-sosjalistyske ynfloed.

Jannewaris 1941 krigen Kalma en Folkertsma lykwols spul mei Sybesma, en besletten as twamanskip fierder te gien. Hja koenen sa lykwols de waaksende ynfloed fan de Dútsers net keare. Yn 1942 krigen de Fryske net-Dútskgesinde blêden gjin papier en oare fasiliteiten mear. It twamanskip is doe noch in jier fierder gien mei it útlizzen fan in paad foar nei de oarloch. Ein 1943 waard het twamanskip troch beide opheft.

Striidboun Fryslân frij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folkertsma wie yn 1948 mei Albertus Martein Sustring de oprjochter fan it Striidboun Fryslân Frij. It bûn soe tritich jier bestean bliuwe.

Bibeloersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1920 hinne besleaten it Kristlik Frysk Selskip en it Nederlânsk Bibelgenoatskip dat der in Fryske oersetting fan de Bibel komme soe. De opdracht dêrfoar krige dr. G.A. Wumkes. Guon fûnen Wumkes syn Frysk oan de minne kant en dêrom waard Folkertsma beneamd om tafersjoch op it goede Frysk te hâlden. Dit hat der ta laat dat Folkertsma eins de einredakteur waard. Yn 1933 kaam it Nije Testamint ree en it Alde Testamint wie yn 1943 klear. Folkertsma hie sels in oersetting makke fan de Heidelberger Kategismus. Op 29 oktober 1943 is de nije oersetting oan it Fryske folk oanbean.

Oplieder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1925 waard Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje (AFUK) oprjochte. Ien fan de taken fan de AFUK is it ûnderwizen yn it Frysk. Folkertsma waard al gau oanlutsen as begelieder. In protte Friezen binne sa fan Folkertsma yn ‘e knepen fan it Frysk op ‘e hichte brocht.

Yn 1945 waard de Fryske akte ynsteld. Dêr wie Folkertsma fan it begjin ôf as dosint oan ferbûn.

Gysbert Japicxpriis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1959 waard Folkertsma foar syn boek Eachweiding, ferskynd yn 1950, de Gysbert Japicxpriis takend troch Deputearre Steaten. Folkertsma hat dy priis wegere. As motyf joech er op dat dit boek te min omtinken krige hie.

De lêste jierren fan Folkertsma hawwe net lokkich west. Syn geast waard dizich. Hy waard oerbrocht nei it psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer, dêr’t er yn 1968 ek ferstoarn is.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Selsbistjûr for Fryslân (1930)
  • Toer en Tsjerke (samling essays, 1933)
  • Swier lok (samling essays, 1939)
  • De Christen Gysbert Japiks (Frisia rige, 38-39 - 1946)
  • Eachweiding (1950) - hjir te lêzen
  • Wite en reade roazen (samling Fryske folksferhalen, 1967)
  • Hûs op wyn en brânwacht (samling essays, 1983)