Frjentsjer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frjentsjer
Flagge fan Frjentsjer Wapen fan Frjentsjer
Flagge Wapen
Lokaasje fan Frjentsjer
Gemeente Frjentsjerteradiel
Ynwennertal (2003) 12.977
Webstee Webstee Frjentsjerteradiel
De himrik fan Frjentsjer
Botniastins
Foarstrjitte
Histoaryske kaart fan Frjentsjer, Joan Blaeu, 1694
De universiteit fan Frjentsjer

Frjentsjer (Franeker) is in stêd tusken Harns en Ljouwert, haadstêd fan de gemeente Frjentsjerteradiel, mei 12.977 ynwenners (1 jannewaris 2003). Frjentsjer is te berikken fia de A31 en en N384.

Yn 1984 waarden de gemeenten Frjentsjer en Frjentsjerteradiel, mei in stik fan de gemeente Barradiel gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Frjentsjerteradiel. Troch geregeld tekoarten op de gemeentlike begrutting stie de gemeente Frjentsjerteradiel oant 2005 ûnder tafersjoch fan de provinsje Fryslân. Yn Frjentsjer wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk-dialekt (it Frjentsjertersk) sprutsen.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Frjentsjer as alle Fryske stêden in selsstannige gemeente. Foar de Frânske tiid hie Frjentsjer in universiteit. Pogingen om der op'e nij in universiteit te krijen binnen oant no ta op neat útrûn. Dochs in pear dagen yn it jier kriget Frjentsjer de status fan Akadeemjestêd werom; tusken Kryst en Aldjiersdei wurdt it Krystkongres organisearre. Dit kongres, dat mearder dagen duorret, fynt plak yn 'e Bogt fen Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân. It kongres wurdt alle jierren troch de Federaasje fan Fryske Studinteferienings organisearre (FFS), foar it earst yn 1930.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Frjentsjer soe om 800 hinne ûntstien wêze as in Karolingysk kastellum. Fan de 11e ieu oant de 16e ieu ûntwikkele Franeker him ta bestjoerlik sintrum fan noardlik Westergoa. Yn de 15e ieu festige hartoch Albrecht fan Saksen him yn Frjentsjer. It stedsje like him te ûntwikkeljen ta haadstêd fan Fryslân, mar waard benefterlitten troch Ljouwert. It ferhaal giet dat ynwenners fan Frjentsjer yn de Midsieuwen besocht hawwe om in tsjerkeklok te stellen út Harns. Sûnttiid wurde de Frjentsjerters klokkedieven neamd.

Doe't de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen in opstân kaam tsjin Spanje, keas Frjentsjer al gau de kant fan Willem fan Oranje. Frjentsjer waard hjirfoar yn 1585 beleanne mei in universiteit; op Leien nei de âldste fan Nederlân. Der waarden fjouwer redenen oanfierd: it wie goedkeaper as studearjen yn Leien, de âlden koenen better harren bern yn'e gaten hâlde, it wie goed foar de ûntwikkeling fan de befolking en it jild dat de studinten útjaan soene bleau binnen de provinsje. Oan dizze "Frjentsjerter Akadeemje", skonken troch de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau en iepene op 29 july 1585, koe men teology, rjochten, medisinen, klassike talen, wiisbegearte en wis- en natuerkunde studearje. Ien fan de studinten wie prins Willem IV.

Frjentsjer yn de Patriottetiid[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 18e ieu rekke de stêd yn ferfal, mar yn de patriottetiid liet Frjentsjer noch fan him hearre. Yn septimber 1785 waard it twahûndertjierrich bestean fan de Hegeskoale fierd. Prinses Wilhelmina fan Pruisen die mei oan de feeestlikheden sûnder har man, dy't konfrontearre seach mei ferlies oan macht en ynfoed en al syn foegen opjaan woe: rûnom yn it lân wiene eksersysjegenoatskippen oprjochte, it dragen fan oranje wie sûnt inkele wiken ferbean en yn De Haach wie hy út syn militêre funksje setten. Yn maaie 1787 waard it de studinten en professors (lykas Johan Valckenaer) ferbean diel te nimmen oan de oefeningen fan it eksersysjegenoatskip. De Steaten fan Fryslân furdigen ein maaie boppedat in ferbod út om wapens oan te skaffen, mei as gevolch dat de patriotten har yn harren frijheid oantaasten fielden. Binnen inkele dagen soenen yn Fryslân nije regearingsregleminten yn wurking trede, mei strangere easken oan de froedskipsleden. De Steaten fan Fryslân wienen bang foar in herhelling fan wat him yn augustus 1786 yn de stêd Utert ôfspile hie: dêr hienen de lanlik gearroppen eksersysjegenoatskippen de prinsgesinde leden fan it stedsregear oan de kant skood. Inkele wiken letter driigde in Pruisyske ynfal en fuortendaliks waarden op guon plakken definsjegenoatskippen oprjochte, want it gewest Hollân woe gjin ekskús oanbiede foar de oanhâlding fan de prinsesse, dy't nei Goejanverwelleslûs brocht wie. Begjin septimber 1787 luts in tsiental rebellearende Fryske Steateleden, ûnder lieding fan Court Lambertus fan Beyma him werom yn Frjentsjer, neidat Provinsjale Steaten alle steun oan Hollân (en de stêd Utert) ferbean hie. Frjentsjer waard yn steat fan ferdigening brocht. Harns wegere mei te wurkjen en de oanfier fan manskipppen, wapens en munysje fia Makkum wie gjin súkses. De dissipline wie fier te sykjen, de drank floeide ryklik; stipe fan de befolking kaam der net.

Doe't Pruisyske troepen hieltyd fierder oplutsen nei it Noarden, ferlieten de ta wanheap dreaune lieders op sneintemiddei 23 septimber de stêd nei de tsjerketsjinst. De ôftocht ferrûn sa rommelich en yn sân hasten dat se fergeaten de slim belêstende, ûndertekene declaratoiren (dokuminten) mei te nimmen. (De lieders joegen inoar de skuld en hienen jierren letter noch altyd spul, doe't se yn Frankryk harren weromkomst ôfwachten).

De kopstikken binne oer Warkum, wêr't de prinsgesinden de skrik op'e lea jage waard, troch te rôven en te sjitten, oer De Lemmer of Starum nei Amsterdam flechten. In inkeling flechtte oer Grins of It Amelân nei Dútslân, lykas Eise Eisinga. In tweintichtal patriotten út Frjentsjer waard finzen setten yn it blokhûs fan Ljouwert en feroardiele. Uteinlik soe ek in tsiental patriotten út Boalsert de dupe wurde, omdat de rie fan Boalsert as ienige stêd yn Fryslân de Pretense Staten erkend hienen. Sjoch ek De Patriottetiid yn Boalsert.

19e en 20e ieu[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1811 liet Napoleon de universiteit slute. De opfolger fan de Frjentsjerter Akademy wie it Ryksateneum, dat fan 1815 oant 1847 bestien hat, mar - krektas syn foargonger - úteinlik troch gebrek oan studinten te'n ûnder gie. De kolleksje fan de universiteitsbibleteek, mei in soad seldsume boeken, waard oerbrocht nei de Provinsjale Bibleteek yn Ljouwert (tsjintwurdich: Tresoar).

Hoewol't de stêd gjin universiteit mear hat, binne der sa no en dan wol akademyske promoasjes. Promovendy fan de Ryksuniversiteit Grins dy't in bân mei Fryslân hawwe, meie harren proefskrift yn de Frjentsjerter Martinytsjerke ferdigenje.

It stêdhûs fan Frjentsjer

Joadske gemeente[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1658 wurdt de earste joad as poarter yn Frjentsjer ynskreaun. Earder wiene der elk al guonts dy holpen by it printsjen en publisearjen fan Hebrieuske boeken. Oaren studearren genêskundeoan de universiteit; yn 1747 krige de earste joadske studint syn dokterstitel.

De lytse gemeente waard earst begjin 19e ieu warber. Yn 1821 wurdt Frjentsjer neamd as by-tsjerke fan de Ringsynagoge Harns. Om 1830 hinne giet de gemeente by dy fan Harns.
Yn de jierren 1930 wie der in 'kibboets fan Palestina-pioniers' fan in religieus-zionistyske pioniersorganisaasje yn Frjentsjer. Oant 1940 hawwe dêr tsientallen jonges en famkes in agraryske oplieding folge. Al by de earste razzia yn 1941 waard it meastepart fan de joadske ynwenners fourthelle. In lyts part hat de deportaasje oerlibbe. In inkeling koe ûnderdûke.

Tal joaden yn Frjentsjer:

1809: ?
1840: 26
1869: 38
1899: 19
1930: 10 [1]

Namme[bewurkje seksje | edit source]

De Ald-Fryske namme Franeker soe komme fan frâna-eker ofwol "eker fan de hear" (Nederlânsk: froon-acker → vroon-akker). De âldste strjitte fan de stêd hjit noch altyd Froonacker. Yn it Nij-Frysk wurdt de namme yn de 16e ieu ta Frenker. De foarm Frentjer is foar it earst oan it jier 1655 te linken. Mei wat staveringsfariaasje hanthavenet dy him oant yn it begjin fan de 19e ieu. Dan komme foarmen as Frjentjer en letter ek Frjentsjer op.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

Martenahûs

Frjentsjer hat in histoaryske binnenstêd mi in soad monuminten

Museum Martena[bewurkje seksje | edit source]

Yn oktober 2003 bliek it museum 't Coopmanshûs yn Frjentsjer yn it besit fan de âldste ikehouten kast fan Nederlân. De twadoars argyfkast komt út sirka 1550, en is makke fan ikehout fan foar 1550, dat út de Baltyske steaten komt, sa die bliken nei dendrologysk ûndersyk. Yn 2006 ferhuze museum "'t Coophanshûs" nei de Martenastins oan de Foarstrjitte. It hjit no: Museum Martena. Sûnt july 2006 is it museum wer iepen foar it publyk. De fêste kolleksje is wijd oan û.o. de stedsskiednis, de Frjentsjerter Akademy en Anna Maria fan Schurman.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Frjentsjer is ferneamd troch de PC dy't hjir alle jierren hâlden wurdt en hjir is ek it Keatsmuseum. Frjentsjer is ek de stêd, dêr't Eise Eisinga syn planetarium boud hat.
  • Om't yn Frjentsjer lang in psychiatryske ynstelling west hat, wurdt Frjentsjer yn ferskate siswizen yn Fryslân ferbûn mei minsken dy't net wiis binne: "Gean nei Frjentsjer", "Hy heart thús yn Frjentsjer", ensfh.
  • Keninginnedei 2008 hat Keninginne Beatrix en har famylje yn Frjentsjer fierd.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Foarsjennings[bewurkje seksje | edit source]

Frjentsjer hat in jachthaven, in teater, en in oerdekt swimbad. Ek sit hjir GGZ-Frjentsjer (it eardere Psychiatrysk Sikehûs), en sûn 2005 ek de Forinsysk Psychiatryske Ofdieling (FPA-Frjentsjer).

Sport[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt 1853 wurdt yn Frjentsjer elk jier de PC holden; dit is de wichtichste keatswedstryd fan Fryslân en de âldste reguliere sportwedstryd fan'e wrâld As ien fan de Fryske Alve stêden leit Frjentsjer op de rûte fan de Alvestêdetocht. Jierliks is mei peaske in grut ynternasjonaal hânbaltoernoai yn sporthal De Trije (ien fan de grutste sporthalen fan Fryslân mei fjouwer flierren).

  • SC Frjentsjer - fuotbal
  • iisklub
  • De Klokkedieven - basketbal
  • atletykklub
  • folleybalklub
  • swimklub
  • tennisferiening
  • ZVF - sealfuotbal

Ald-Boargemasters[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

[[Ofbyld:Franeker, Gevelsteen Klaarkampster weeshuis.jpg|thumb|Gevelstien Klearkampster Weeshús

Bekende Frjentsjerters[bewurkje seksje | edit source]

It planetarium yn Frentsjer op de Eisinga strjitte

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

It busferfier wurdt dien troch Connexxion, de treinferbining wurdt eksploitearre troch Arriva.

  • Buslinen 33 Frjentsjer - Snits
  • Buslijn 36 Frjentsjer - Boalsert
  • Buslijn 75 Frjentsjer - Harns v.v.
  • Busline 97 Ljouwert - Frjentsjer

Franeker hat ek in stasjon oan it spoar Ljouwert-Harns Haven.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Alle Strjitten fan Frjentsjer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joadsk Histoarysk Museum