Douwe Kalma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Douwe Kalma, jierren 1930

Douwe Kalma (3 april 1896, Boksum - 18 oktober 1953, Ljouwert) wie in Fryske skriuwer en dichter.

Douwe Kalma wie in boeresoan fan Petrus (Douwes) Kalma en Sytske Schukking. Hy ferlear syn heit al yn 1907 en wenne mei syn mem efterinoar yn Boksum, Wurdum, Dearsum en Raerd. Hy wie eartiids in skoftlang lieder fan de Jongfryske Beweging. Syn ynbring hat fan grutte ynfloed west op de ûntwikkeling fan de Fryske literatuer. Yn 1943 krige er de Harmen Sytstra-priis, dy't troch it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynsteld is. Hy stjoerde de priis lykwols werom, omdat er der bewust fan waard dat de priis him nei de oarloch net yn tank ôfnommen wurde soe. Hy is ien fan de histoaryske ûnderwerpen fan de Kanon fan Fryslân.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Eftergrûn

Wykein leden fan de Jongfryske Mienskip oan 'e Snitser Mar; oan 'e wâl û.o. Douwe Kalma (mei hoed) en Tsjisse de Jager (yn bûsgroentsje mei pet op)

Kalma hie fan syn achttjinde libbensjier ôf al dúdlik foar eagen hoe't Fryslân him posysjonearje moatte soe yn de wrâld. Kalma stribbe nei in ientalich Frysk Fryslân binnen Europa. Yn de earste helt fan de njoggentjinde ieu waard yn Fryslân in nasjonalistyske beweging opset, dy't him fral rjochte soe op it gebrûk fan de eigen taal, it Frysk. Ynearsten naam de hege boargerij dêryn it inisjatyf, mar yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu waarden sjoernalisten, ûnderwizers en it ambachtsfolk út de lytse boargerij dy't de inisjatyfnimmers wiene. Hja organisearren har yn it Frysk Selskip (1844).

Foar harren wie literatuer it middel om it Frysk te konservearjen. Tagelyk makke hja gebrûk fan harren macht, troch gewoane Friezen - it folk - ferskate boargerlike deugden by te bringen, wêrûnder iver, reedlikens en dissipline. Harren liederskip wurdt dan ek wol oantsjutten as folksskriuwerij. Tsjin dy streaming sette Kalma him ôf.

Hy besocht de ferkalke Fryske beweging te herfoarmjen en die dat op ferskate wizen, begjinnend troch oare literêre idealen te uterjen. Op it Snitser gymnasium, dêr't er fan 1908 oant 1914 nei skoalle gie, krige er troch de lessen fan Pieter Sipma in grutte leafde foar de Tachtigers. Ynspirearre troch ûnder oare dy Tachtigers, begûn er gedichten te skriuwen dêr't er syn eigen gefoelslibben yn ta útdrukking brocht. Syn favorite foarm wie it klassike sonnet.

Nei syn eineksamen begûn Kalma mei teology te studearjen yn Grins, mar trochdat er tefolle mei it Frysk dwaande wie, moast er nei in jier de stúdzje wer ôfbrekke. Hy gie dêrnei yn militêre tsjinst en hâlde him in stikmannich jierren allinne mar dwaande mei literatuer. Fan 1927 oant 1931 studearre er yn Grins Ingelske taal- en letterkunde. Dêrnei wie er fan 1931 oant 1942 learaar Ingelsk yn Eindhoven.

Underwilens waard Kalma in ynspirearjend idoal. Yn in lyts skoftke tiid wist er grutte groepen jongerein oan him te binen, yn it troch him oprjochte Jongfryske Mienskip (1915). De Fryske beweging waard dêrmei in jongereinbeweging dêr't ek foar froulju in rol yn weilein wie, wat oars alhiel yn oerienstimming is mei de groei fan de jongereinkultuer yn de rest fan de wrâld.

Tekenjend foar de groep wie harren oriïntaasje. Under it motto ‘Fryslân en de wrâld’ sette Kalma Fryslân del as ûnderdiel fan in Noardseekultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ferfolje moatte tusken de besibbe Ingelske en de Skandinavyske kultueren. Yn dizze tiid organisearre de Jongfryske Mienskip alle jierren simmerkampen, dy’t op in waadeilân hâlden waarden. Dat wie in nij fenomeen foar dy tiid. Op dy kampen liezen de Jongfriezen allerhanne heechsteande ynternasjonale literatuer. Dêr spilen hja ek toanielstikken dy’t Kalma skreaun hie – gauris keningsdrama’s – en songen lieten dy’t spesjaal foar de gelegenheid skreaun wiene.

Kalma, dy’t frijwat maklik spul krige, wie better yn it betinken fan plannen as yn it trochsetten en foltôgjen derfan. Dochs is de list mei inisjativen dy't er, mei syn Jongfryske Mienskip, iepentearde, lang. Hy wie bygelyks de earste persoan dy't in offisjeel Frysktalich literêr tydskrift opsette: Frisia (1917). As mei-oprjochter fan de Afûk (Algemiene Fryske Underwiiskommisje, op dit stuit fêstige yn Ljouwert) en as skriuwer fan boeken en tydskriften oer taalbefoardering en taalsuveringsboekjes, holp er de Fryske skriuwtaal fierder út te bouwen. Hy besocht de Fryske taal mear yn it leger ûnderwiis en heger ûnderwiis te ferwurkjen. Ek skreau er de earste Frysktalige dissertaasje (1938) [1], dat oer de dichter Gysbert Japiks gie. Ek sette er de hiele Shakespeare yn it Frysk oer en skreau as earste in Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie.

Al dy inisjativen, ek troch oaren fierd droegen, wiene foar it súkses fan de Fryske taal en literatuer tige wichtich. Foar al dy ynspannings stiet oer dat de idele Kalma út polityk perspektyf wei in swalker en in rûzjemakker wie. Syn anty-Hollânske sentiminten waarden troch in mannichien stipe en oernommen, en joegen sa in rjochting oan de Fryske beweging. Uteinlik late dat ta in oarloch. Kalma sleat him yn it ynterbellum hieltyd wer by oare partijen oan, om úteinlik yn 1940, te einigjen by de faksistyske Fryske Folkspartij en mei te dwaan oan it wurk fan Stichting Saxo-Frisia. Teffens wie Kalma ien fan de leden fan in Fryske Ried dy't fanwege dy stifting oprjochte waard. Nei de oarloch waard er as kollaborateur suvere. [2][3][4][5][6]

Douwe Kalma ferstoar yn 1953 by in auto-ûngemak.

[bewurkje seksje] Wurk

Kar út it wurk:

  • De Jongfryske biweging, 1915.
  • Fryslân en de wrâld, 1916.
  • Ut stiltme en stoarm (sonnetten), 1918.
  • Kening Aldgillis (toaniel), 1920.
  • Noarderljocht (toaniel), 1921.
  • Jongfryske sangen, 1922.
  • Dage. Fersen I, 1927.
  • Skiednis fen Fryslân, 1935. (3e pr., 1965.)
  • Sangen. Fersen II, 1936.
  • Gysbert Japiks. In stúdzje yn dichterskip, (proefskrift), 1938.
  • De lytse mienskip. Fersen fen oantinken, 1944. (2e pr., 1954.)
  • Keningen fan Fryslân (toaniel), 1949-1951.
  • Fokke Hoara (toaniel), 1952.
  • Shakespeare's wurk (oersettings) Diel I-VIII, 1956-1976.
  • Samle fersen, 1996.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kalma syn promotor wie J. M. N. Kapteyn
  2. Jelle Krol, ‘Ynlieding’, yn: Douwe Kalma. Samle Fersen. Jelle Krol ed. (Ljouwert 1996) 11-67
  3. Johan Frieswijk, Geschiedschrijving als wapen in ‘de Fries-nationale strijd’ (1915-1945) (s.l. [1994]).
  4. G.R. Zondergeld, De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen (Ljouwert 1978).
  5. Antiqbook.com: Douwe Kalma
  6. Douwe Kalma (1896-1953). Gearstald troch Jelle Krol e.o. Skriuwers yn byld nr. 5 (1996)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen