Molière

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Molière

Molière (berne as Jean-Baptiste Poquelin) (Parys, 15 jannewaris 1622 - dêre, 17 febrewaris 1673) wie in Frânsk toanielskriuwer en akteur dy't bekendheid krige mei syn satiryske komeedzjes. Syn meast bekende wurken binne Le Misanthrope. Dom Juan, Tartuffe en L'Avare.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Jean-Baptiste Poquelin wie de soan fan in begoedige behinger-stoffearder. Hy gie nei it Paryske College de Clermont, dêr't hy kennis makke mei it wurk fan Epicurus en Pierre Gassendi. Molière studearre rjochten yn Orléans. Yn 1643 stifte hy, dreaun troch in ûnwersteanbere ropping, mei de famylje Béjart in toanielselskip l'Illustre Théâtre, en nom de namme Molière oan. It selskip wurke sûnder sukses. Molière moast om skulden in skoft de bak yn. Hy ferliet Parys en reizge mei syn kammeraten tolve jier oanien troch de provinsje. Al gau begûn hy sels komeedzjes te skriuwen. De toanielskriuwers Jean Racine en Pierre Corneille wiene tiidgenoaten fan him.

Op 24 oktober 1658 trede hy foar de earste kear op foar Loadewyk de XIV en syn heule hof yn in seal fan it Louvre. De byfal wie sa grut, dat Molière's selskip de namme Troupe de Monsieur fiere mocht en in seal fan it Petit-Bourbon brûke mocht. Yn 1659 iepene hy mei les Précieuses ridicules in rige fan ûngefear tritich kluchten en blijspullen, dy him de geunst en beskerming fan Loadewyk XIV besoargen en it by it neigeslacht ferneamd makken. Yn 1662 boaske hy mei de santjinjierrige toanielspylsster Armande Béjart.

Yn syn komeedzjes hie Molière krityk op edelen en geastliken, dy't tige befoarrjochte libben, op harren sleur, harren bline oanbidding fan gesach, harren minachting fan ûnderfining en waarnimming. Hy rjochte syn krityk ek op medisy, skyngelearden enoerdreaune bewûnderers fan keunst en wittenskip. Loadewyk XIV mocht him wol lije en steunde it selskip fan Molière. Hy joech tastimming op te treden yn syn eigen Palais-Royal. Nei de ôfbraak fan it paleis 'Petit-Bourbon', wegens útwreiding fan de eastlike fleugel fan it Louvre, spile it selskip faker op de nije lokaasje.

Molière ferstoar nei de fjirde foarstelling fan syn lêste komeedzje, Le malade imaginaire, wêryn't hy lykas wenst de haadrol hie. Yn dat toanielstik waard de spot dreaun mei it siik wêzen. In goed resept tsjin sykte wie ûnfertinne wyn mei in grut stik kofleis en hollânske tsiis. By de opfiering waard Molière hommels net goed. Hy waard nei hûs ta brocht en frege om in stik Parmezaanske tsiis, it ienige dat er noch ite koe. It wie om'e nocht, Molière stoar noch dyselde jûn.

Yn 1680, sân jier nei syn dea, waard by dekreet troch Loadewyk XIV de Comédie Française oprjochte, wêrfan Molière as de paadsljochter sjoen wurde kin. De lokale clerus ûntsei him in begraffenis op wijde grûn, mar nei bemiddeling fan lokale pommeranten waard hy úteinlik begroeven by de net-doopte bern. Der binne ferskate spylfilms makke oer it libben fan Molière. Letter waard it talint fan Molière ek yn yntellektuele fermiddens erkend. Hy waard postúm lid fan de Académie Française. Op syn boarstbyld yn de eareseal fan de Academie waard yn 1778 de tekst: Rien ne manque à sa gloire, il manquait à la nôtre ('neat ûntbrekt oan syn eare, hy ûntbrekt oan dy fan ús') oanbrocht.

Tekening troch Jean-Michel Moreau
fan 'Le Malade imaginaire'
Tekening troch Jean-Michel Moreau
fan 'Le Bourgeois gentilhomme'

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1645: Le Médecin Volant
  • 1650: La Jalousie du Barbouillé
  • 1655: L'Étourdi ou les Contretemps ("De trochdraver")
  • 1656: Le Dépit Amoureux
  • 1658: Le Docteur Amoureux (dizze tekst is ferlern gien, spile foar Loadewyk XIV)
  • 1659: Les Précieuses Ridicules ("De Bespotlike Fatsoenliken"
  • 1660: Sganarelle ou le Cocu Imaginaire
  • 1661: Dom Garcie de Navarre ou Le Prince Jaloux
  • 1661: L'École des Maris
  • 1661: Les Fâcheux
  • 1662: L'École des Femmes ("Frouljusskoalle")
  • 1663: La Jalousie du Gros-René (tekst ferlern gien)
  • 1663: La Critique de l'École des Femmes
  • 1663: L'Impromptu de Versailles
  • 1664: Le Mariage Forcé ("Tsjin Wil en Tank Troud")
  • 1664: Gros-René, Petit Enfant (tekst ferlern gien)
  • 1664: La Princesse d'Élide
  • 1664: Tartuffe ou l'Imposteur ("Tartuffe, of De Húchelder)
  • 1665: Dom Juan ou Le Festin de Pierre ("Don Juan, of De Stiennen Gast")
  • 1665: L'Amour Médecin
  • 1666: Le Misanthrope ou l'Atrabilaire Amoureux
  • 1666: Le Médecin Malgré Lui ("Dokter tsjin Wil en Tank")
  • 1666: Mélicerte
  • 1667: Pastorale Comique
  • 1667: Le Sicilien ou l'Amour Peintre
  • 1668: Amphitryon
  • 1668: George Dandin ou Le Mari Confondu
  • 1668: L'Avare ou l'École du Mensonge ("De frek")
  • 1669: Monsieur de Pourceaugnac ("De hear fan Pourceaugnac, Of in Frijaazje mei Hindernissen")
  • 1670: Les Amants magnifiques
  • 1670: Le Bourgeois Gentilhomme ("De Parvenu")
  • 1671: Psyché
  • 1671: Les Fourberies de Scapin ("De Fiten fan Scapin")
  • 1671: La Comtesse d'Escarbagnas ("It Houlik fan Grevinne fan Escarbagnas")
  • 1672: Les Femmes Savantes ("Gelearde Dames")
  • 1673: Le Malade Imaginaire ("De Ynbylde Sike")

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Spaargaren, F. - Pompadour, pompernickel en pique-nique. De nammen fan beroemde gerjochten ferklearre (1992).
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Molière en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.