In Fijân fan Minsken

Ut Wikipedy
In Fijân fan Minsken
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Misanthrope
auteur Molière
taal Frânsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
1e opfiering 1666, Parys
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Fijân fan Minsken
publikaasje 1930, Snits
útjouwer Brandenburgh & Co.
oersetter Douwe Kalma

In Fijân fan Minsken, yn it oarspronklike Frânsk: Le Misanthrope (folút: Le Misanthrope ou l'Atrabilaire Amoureux; útspr.: /lə misantʁop u latʁabilɛːʁ amuʁø/; "De Minskehater of it Amoereuze Stik Segryn"), is in komeedzje fan 'e hân fan 'e grutte santjinde-iuwske Frânske skriuwer Molière (in pseudonym foar Jean-Baptiste Poquelin, 1622-1673). It toanielstik is in satire dy't it skynhillige hâlden en dragen fan 'e Frânske adel oan 'e kaak steld, mar dêrnjonken ek op earnstiger toan yngiet op 'e karakterflaters dy't alle minsken eigen binne. Hoewol't Le Misanthrope foar Molière gjin kommersjeel súkses wie, hat it fan al syn wurken de iuwen it bêste trochstien en is it hjoed de dei syn meast ferneamde en bewûndere toanielstik. It waard foar it earst opfierd yn it Théâtre du Palais-Royal te Parys, op 4 juny 1666; de Fryske oersetting fan Douwe Kalma is út 1930.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Fijân fan Minsken ûnderskiedt him fan oare kluchten út deselde tiid troch it foarkommen fan dynamyske personaazjes lykas Alceste en Célimène, ynstee fan 'e boardkertonnen haadrollen dy't de measte toanielskriuwers doe brûkten om maatskiplike swierrichheden oan te kaartsjen. It ferskilt ek fan Molière syn measte oare wurk trochdat it mear omtinken skinkt oan nuânses en oan 'e ûntjouwing fan 'e haadpersoanen as oan ferwikkelings yn 'e plot.

Mei't fan oerheidswege al it near lein wie op sawol Tartuffe as Dom Juan, twa fan Molière syn eardere toanielstikken, hat Molière yn In Fijân fan Minsken mooglik syn eigentlike ideeën ôfswakke om se maatskiplik akseptabelder te meitsjen. Fan gefolgen is der in protte ûnwissichheid oer de fraach oft er it personaazje Alceste no bedoeld hat as held, fanwegen syn hege standerts fan earlikens, of oft Alceste in dwaas foarstelle moat, om't er der sokke ideälistyske en ûnreälistyske tinkbylden oer de maatskippij op neihâldt. Dy ûndúdlikheid hat Molière in soad krityk opsmiten.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In gravuere fan 'e edysje út 1719.

Ta de ôfgriis fan syn freonen en goekunde fersmyt Alceste it idee fan la politesse, oftewol de sosjale brûkmen fan omsichtich fatsoen sa't de santjinde-iuwske Frânske hegerein dy foar de moade hie. Syn wegering om him oan te passen makket him tige by tige ympopulêr ûnder syn stângenoaten en hij beklaget him oer syn isolaasje yn in wrâld dy't er beskôget as oerflakkich en fulgêr. Syn bêste freon Philinte besiket him syn nuvere ideeën te ûntpraten, mar dat slagget him net. Nettsjinsteande syn maatskiplike oertsjûgings wurdt Alceste tsjin wil en tank fereale op 'e libbene en lumige Célimène, dy't mar omkokettearret mei alleman en wa har frivoal hâlden en dragen krekt de belicheming is fan alle hoaske manearen dêr't er sels fan griist.

Ek al mei er dan op in minne namme lizze, dochs binne der froulju dy't wanhopich fereale binne op Alceste, dy fijân fan minsken, te witten de moralisearjende Arsinoé en de oprjochte Eliante. Mar hoewol't er tajout dat sy deugdsumer binne as Célimène, langet syn hert dochs nei dylêste. Syn eigen djippe gefoelens foar har tsjinje yn haadsaak om syn negative opmerkings oer it minsklik ras tsjin te gean, mei't it feit dat er sokke gefoelens hat, fansels krekt sizze wol dat er sels ek by dyjingen heart dy't er sa fûleindich ôfrinne lit.

As Alceste in sonnet bekritisearret dat skreaun is troch de machtige ealman Oronte, wurdt er foar de rjochter dage. Fanwegen syn wegering om fluenske kompliminten út te dielen wurdt er fernedere en oanklage. Dêrop beslút er om frijwillich yn ballingskip te gean. Syn freonen litte him yn 'e steek en hy ûntdekt dat Célimène him op 'e tôch holden hat; se hat identike leafdesbrieven ferstjoerd oan in ferskaat fan oanbidders en har ûnthjit om him boppe alle oaren leaf te hawwen ferbrutsen. Hy stelt har in ultimatum: hy sil har ferjaan en mei har trouwe as se mei him yn ballingskip giet. Mar Célimène stegeret him ôf, mei't se harsels fiersten te jong en te tsjep fynt om har maatskiplik fermidden en har oare bewûnderders efter te litten. Dan nimt Alceste de beslissing om himsels alhielendal fan 'e maatskippij ôf te sûnderjen. It stik eineget as syn freon Philinte en Eliante, dy't harren ûnderwilens oaninoar fersein hawwe, him efternei gean om him oer te heljen en kom werom.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Le Misanthrope ferskynde yn 1930 ûnder de titel In Fijân fen Minsken by Brandenburgh & Co. te Snits, yn in boekje fan 78 siden. De Fryske fertaling wie fan 'e hân fan Douwe Kalma.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molière, In Fijân fen Minsken, Snits, 1930 (Brandenburgh & Co.), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.