Sonnet

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In sonnet is in fersfoarm dy't him ûntjûn hat yn Itaalje, en it betinken derfan wurdt yn 'e regel taskreaun oan 'e trettjinde-ieuske Sisyljaanske dichter Giacomo da Lentini. It wurd "sonnet" komt fan it Italjaanske sonetto, dat "lyts sankje" oftewol "ferske" betsjut. De sonnet wie fral om 'e Renêssânse hinne, fan 'e fjirtjinde oant de santjinde ieu, in tige algemien brûkte fersfoarm; ferneamde sonnetteskriuwers út dy tiid binne bgl. de Italjaan Francesco Petrarca (1307-1374), de Ingelsen Edmund Spenser (1552/1553-1599) en William Shakespeare (1564-1616), en yn Nederlân Joast fan de Vondel (1587-1679).

In sonnet is in gedicht fan fjirtjin regels dat in strang rymskema folget en in spesifike opbou hawwe moat. Regels oangeande sonnetten hawwe har meitiid fierder ûntjûn, en net alle sonnetten hawwe dus itselde rymskema of deselde opbou. Ien fan 'e bekendste foarmen is it Ingelske of Shakespeariaanske sonnet, dat bestiet út fjirtjin regels dy't skreaun binne yn jambyske pentameter, in patroan wêrby't in ûnbeklamme wurdlid fiifris folge wurdt troch in beklamme wurdlid. It rymskema fan it Shakespeariaanske sonnet is a-b-a-b, c-d-c-d, e-f-e-f, g-g. It oarspronklike Italjaanske sonnet hie lykwols it rymskema a-b-b-a, a-b-b-a, c-d-e-c-d-e (of ek wol: a-b-b-a, a-b-b-a, c-d-c-c-d-c). Wer in oare foarm is it Spenseriaanske sonnet, neamd nei Edmund Spenser, mei as rymskema: a-b-a-b, b-c-b-c, c-d-c-d, e-e.