Komeedzje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In komeedzje (fan it Aldgrykske κωμῳδία, kōmōidia, letterlik: "feestsang" of mooglik "doarpssang") is in literêr sjenre en in foarm fan toaniel dy't him yn 'e Aldheid ûnderskate fan 'e trageedzje trochdat it minder swiersettich fan toan wie en in happy end hie. De komeedzje kin tebekfolge wurde oant 425 f.Kr., nei it oeuvre fan 'e Grykske toanielskriuwer Aristofanes. Yn 'e Renêssânse hat benammen de William Shakespeare dit âlde sjenre nij libben ynblazen. Pas fan 'e njoggentjinde ieu ôf is de betsjutting fan "komeedzje" ferskood yn 'e rjochting fan hilarysk humorisme. Yn it âlde Grikelân bestie dat sjenre trouwens ek, mar waard it gjin komeedzje neamd, mar saterspul.