De Klaachsang fan in Minneresse

Ut Wikipedy
De Klaachsang fan in Minneresse
algemiene gegevens
oarspr. titel A Lover's Complaint
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre ferheljend gedicht
skreaun 1590-er jierren
1e publikaasje 1609, Londen
oarspr. útjwr. Thomas Thorpe
oersetting nei it Frysk
publikaasje 1976, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

De Klaachsang fan in Minneresse, yn it oarspronklike Ingelsk: A Lover's Complaint (of ek wol The Lover's Complaint), is in lang, ferheljend gedicht, dat foar it earst publisearre waard yn 1609, as in taheakke op 'e earste útjefte fan William Shakespeare syn Sonnetten. Hoewol't it dus yn in boek fan Shakespeare ferskynde en sadwaande iuwenlang oan dy wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter taskreaun is, is it auteurskip fan De Klaachsang fan in Minneresse yn akademyske fermiddens noch altiten in saak fan ûnienichheid. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gedicht bestiet út sânenfjirtich sânrigelige kûpletten, dy't skreaun binne yn it saneamde rhyme royal, d.w.s. mei it rymskema ababbcc, mei in metrum en opbou dy't identyk binne oan dy fan Shakepeare syn gedicht De Rôf fan Lukresia. Yn it gedicht sjocht de sprekker in jonge frou dy't oan 'e rivierkant sit te skriemen en ûnderwilens teskuorde brieven, ringen en oare leafdestekens yn it wetter smyt. In âldman freget har nei de reden fan har fertriet, en se antwurdet mei him te fertellen oer in eardere minner dy't har it hof makke, har ferlate en har neitiid yn 'e steek liet. Se beslút har ferhaal mei de bekentenis dat se op 'e nij foar de falske sjarmes fan 'e jongfeint falle soe.

Yllustraasje by it gedicht (1774).

Auteurskipsdiskusje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande de publikaasje fan De Klaachsang fan in Minneresse yn in dichtbondel fan Shakespeare wurdt de taskriuwing oan him dochs gauris yn 'e kiif steld. It gedicht befettet nammentlik withoefolle wurden en taalfoarmen dêr't men yn Shakespeare syn (fierdere) wurk omdôch nei sykje sil, wêrûnder ferskate argaïsmen en latinismen. Ek wurdt De Klaachsang fan in Minneresse soms as ritmysk en opboutechnysk ûnhandich beskôge, al fine oaren it krekt fan treflike kwaliteit. Hoe dan ek, der bestiet yn akademyske fermiddens in lange skiednis fan ûnienichheid oer it auteurskip fan dit gedicht, en hoewol't de measte saakkundigen it der tsjintwurdich oer iens binne dat Shakespeare nei gedachten yndie de skriuwer wie, sil de diskusje sûnder mis fuortbestean oant der in definityf bewiis fan it auteurskip fûn wurdt (en it liket ûnwierskynlik dat dat ea barre sil).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

A Lover's Complaint waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) A Lover's Complaint by Project Gutenberg

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater