Dearsum (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Dearsum (Boarnsterhim)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Dearsum
Flagge fan Dearsum Wapen fan Dearsum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dearsum
Gemeente Boarnsterhim
Ynwennertal (2004) 145
Webstee Tresoar, foto's fan Dearsum

Dearsum is in terpdoarp yn it westen fan de gemeente Boarnsterhim. Dearsum hat 145 ynwenners (1 juny 2004).
Dearsum leit oan de autodyk N354 en de Swette, de lân- en wetterferbinings tusken Ljouwert en Snits. De Dearsumer Opfeart ferbynt it doarp mei de Snitser Aldfeart. In twadde feart foarmet de ferbining mei de Swette.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Dearsum is ûntstien oan de Middelseedyk, de dyk oan de eastkant fan de Middelsee. Der binne fynsten yn de omjouwing dien fan foar de jiertelling. It terpdoarp Dearsum leit oan de súdeastlike dyk fan de eardere Middelsee. It is in âld terpdoarp alhoewol ‘t dêr net folle fan te fernimmen is; lykwols binne der hjir en yn de omjouwing argeologyske fynsten dien, dy ‘t datearje fan foar it begjin fan de jiertelling. Nei ‘t de Middelsee oan- en tichtslike wie kamen der flinke stikken nijlân by it doarp.

De terp fan Dearsum en de oan beide kanten beboude buert mei in soad grien, dy ‘t nei it suden ta rint, stiet skean op de âlde wetterkearing. Wetterherberch It Dearsumer Húske út 1787 is ien fan de âldste huzen yn it doarp en stiet bekend as de Reade Hoas. Dearsum hat in betreklik losse bebouwing fan benammen huzen mei foartunen – mei op de hoeke in brede notabele wenning – en in pear pleatsen. Tsjin de tsjerke en pastorije oer hat him, ticht op 'e dyk, in oanien sletten buertsje foarme. De pastorije stiet yn in royale tún; in breed bouwurk mei neoklassisistyske skaaimerken foar de perioade fan koart nei it midden fan de 19e ieu. It hûs hat fleugels en in hege middenpartij mei in djippe tagongsportyk en in frontonfoarmige bekroaning.

Nei ‘t de âlde Middelseedyk bepune wie ta in rydwei fan Snits nei Ljouwert, hat it doarp him amper by dy nije ferkearsier lâns ûntwikkele. Op de hoeke kaam wol in herberch. Letter waard dizze útspanning in kafee, ytkafee en no is it in restaurant. Súdwestlik fan de krusing leit in buertsje fan inkele huzen en in stjelpbuorkerij en noardlik noch wat losse bebouwing.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Dearsum diel út fan de eardere gemeente Raerderhim, neamd nei ien fan de himpolders fan de Middelsee. Yn 1989 waard de offisjele Deersum troch de gemeente Boarnsterhim feroare yn Dearsum.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

It tsjerkje fan Dearsum is boud ein 12e ieu, mar hat doe nei alle gedachten in eardere, houten tsjerke ferfongen. Peter Karstkarel sprekt oer in Nikolaastsjerke, wylst it 19e ieuske Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa it oer in Petrustsjerke hat.
De tsjerke hat in oantal romaanse skaaimerken (twa romaanse rûnbôgefinsters oan de noardkant), mar ek goatyske eleminten (benammen de súdmuorre), dy't dus it resultaat wêze sille fan lettere oanpassings. Sa sit der in tichtmitsele poarte yn de noardmuorre (15e ieu) en spitsbôgefinsters yn de súdmuorre (16e ieu). Dizze finsters binne – krektas it ienige rûnbôgefinster yn de súdmuorre – dield troch stienen trasearrings.
De sealdaktoer hat oan alle fjouwer siden twa rûnbôgige galmgatten.

Ynterieur

De tsjerke hat yn sober ynterieur. Dochs binne in pear bysûnderheden te sjen.
Sa sit yn de súdside fan it koar de piscina. It is in yn de muorre oanbrochte waskbak foar it ôfwaskjen fan it guod dat de preester brûkte by de eugaristy. De piscina sit yn in spitsbôgige nis. Boppe de midden is in stienen list (de ienige yn Fryslân), dêr't de ampullen op setten wurde koenen. As de preester de ôfwask ôspielde, liet hy Gods wetter oer Gods ikker rinne. Yn de noardmuorre sit ek in flinke nis, dy't as opberchromte brûkt wêze sil. De preekstoel is 19e ieusk en by in renovaasje tsjin de astmuorre setten. Dêrûnder leit in alterstien út de roomsk-katolike tiid. Hy is te herkennen oan de wijingskrúskes op de hoeken en yn de midden. De banken binne nij.

Oargel

It oargel is boud troch de Ljouwerter Bruorren Adema yn 1875. It liket derop dat dit it earste ynstrumint fan de tsjerke wie. Yn de literatuer wurdt net sprutsen oer in âlder oargel, dat troch it Adema-oargel ferfongen waard. Om plak te meitsjen foar it oargel is de trekbalke út it ferwulf weihelle. De skoaren mei sleutelstikken site der noch al. Ut it feit dat der gjin opskrift op de klok stiet kin opmakke wurde dat de klok tige âld wêze moat.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • Adam en Atze - iisklup. In bekende Dearsumer reedrider is Ids Postma

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

1954 1959 1964 1969 1973 1999 2003
214 218 205 172 137 135 146
2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010
143 139 137 142 141 131 129

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • Dearsum is al mear as in ieu ferneamd om syn feefokkerij. De firma Schaap is in wrâldferneamde feefokkerij en fee-eksporteur.
  • Dearsum krige oan de ein fan de 20e ieu lanlike bekendheid as berte- en wenplak fan de ferneamde reedrider Ids Postma. Postma wie net de earste ferneamde reedrider yn it doarp: oan de ein fan de 18e ieu wie Dearsum it wenplak fan Adam Hurdrider.
  • In oare bekende Dearsumer is de skriuwer fan reisferslaggen út de tritiger jierren fan de 20e ieu, Anske van Dyk.
  • Yn 1987 hat it doarp in grutte Wynturbine krigen. De mole levere stroom oan de ynwenners. Yn 1998 gie de mole stikken en yn 2006 is de kop der ôf takele.
  • Ek hie it doarp in grutte biogasynstallaasje.

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Harstawei, Nûmer. Lofts fan de iennichste en ek noch dearinnende dyk stiet in brede ein-19e ieuske wenning, dêr ‘t de Fryske dichter Douwe Kalma opgroeid is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]