Timon fan Atene

Ut Wikipedy
Timon fan Atene
algemiene gegevens
oarspr. titel Timon of Athens
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1605?
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Timon fan Athene
publikaasje 1969, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Timon fan Atene, yn it oarspronklike Ingelsk: Timon of Athens (folút eins: The Life of Timon of Athens), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It ferhellet oer de libbensein fan 'e Atener Timon en wurdt ornaris beskôge as ien fan Shakespeare syn meast obskuere en drege wurken. It is ûndúdlik wannear't it krekt skreaun is; guon tekstûndersikers tinke op grûn fan nuveraardichheden yn it taaleigen oan 1605. Timon fan Atene waard lykwols pas yn 1623 opnommen yn 'e Stationers' Register (dat doedestiden de gesachhawwende útjouwerskatalogus wie) en datselde jiers ek foar it earst publisearre, as ûnderdiel fan 'e First Folio. Sûnt de njoggentjinde iuw wurdt wol tocht dat dit stik troch Shakespeare skreaun waard yn gearwurking mei in oare toanielskriuwer. Dêrby wurdt gauris de namme fan Thomas Middleton neamd. Mei wissichheid is oer soks lykwols neat te sizzen. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1969.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Timon fan Atene iepenet, is Timon in rike Ateenske hear. Hy rjochtet in grut gastmiel oan dêr't er in kliber folk foar útnûget. Alle oanwêzigen, útsein de synyske filosoof Apemantus, besykje mei sjerpstriken en swietmûlkjen by him yn it geflij te kommen. Geandewei de jûn jout er almar mear fan syn besittings wei. In part dêrfan giet nei wat men omskriuwe kinne soe as goede doelen. Sa subsidiëarret er keunstners, rêdt er syn freon Fentidius út it skuldnerstichthûs troch dy syn skulden foar him te beteljen, en helpt er syn feint Lusilius oan 'e frou (Lusilius stiket nammentlik nei de dochter fan in gesetene Atener, dy't der neat fan witte wol dat syn bern mei in tsjinstfeint trouwe soe; in jildlik geskink fan Timon makket dat er fan gedachten feroaret). Mar tsjin 'e ein fan 'e jûn hat Timon frijwol al syn besittings weijûn. Syn haadtsjinner Flavius is dêr min oer te sprekken, en stekt syn miening net ûnder stuollen of banken. Timon fynt dat er him wolris earder warskôgje kinnen hie, mar Flavius seit dat er him yn it ferline al withoefolle kearen om 'e nocht besocht hat te bepraten.

In yllústraasje út Tales from Shakespeare (1890).

Nei't de measte gasten al ôfset binne, komme de Timon syn skuldeaskers del, dy't op slach en stel betelle wurde wolle. Timon hat lykwols gjin jild mear, dat hy stjoert syn feinten út nei syn freonen om jild te lienen. Mar no't hysels help brek is, jouwe syn "freonen" gjin thús, ek al sizze twa fan 'e tsjinstfeinten harren goed it mannewaar op. Ien fan 'e mannen fan Alsibiades, de kaptein fan 'e stedswacht, dy't wól in goede freon fan Timon is, mar sels net rikernôch is om him te helpen, rekket sels sa opsternaat oer it hâlden en dragen fan 'e "freonen", dat er ien fan harren deadet. Alsibiades giet by de Ateenske senaat foar syn soldaat yn 't pleit, mar de senators wegerje de man genede te toanen. As Alsibiades trochgiet mei syn pleidoai, wurdt er sels út 'e stêd ferballe. Alsibiades ferlit dêrop Atene, mar nimt syn troepen mei en swart wraak.

Underwilens besiket Timon sels wraak te nimmen op syn sabeare freonen. Hy rjochtet in nij, behindiger feestmiel oan, dêr't er inkeld dyjingen foar útnûget dy't him ferret hawwe. As de gasten lykwols de lidden fan 'e boarden tille, fine se dêrûnder allinnich mar lij wetter en stiennen. Timon besnjitteret harren mei it wetter, bekûgelet harren mei de stiennen, en ûntflechtet dan de stêd. De trouwe Flavius giet him efternei. Timon giet de wyldernis yn, dêr't er him nei wenjen set yn in grot. Dêr ûntdekt er in goudskat, dy't er brûkt om Alsibiades syn fjildtocht tsjin Atene te bekostjen. Wat der dan noch oer is, jout er oan in pear prostituees om yn 'e stêd geslachtssykten te fersprieden. As Flavius einlings útfynt wêr't syn master him ferskûle hâldt en by de grot ferskynt, jout Timon ta dat Flavius in echte freon foar him west hat. In delegaasje út Atene, dy't koarte tiid letter opdûkt, mei om him lykwols deafalle. Timon stjert as in ferbittere man yn syn grot, en it stik einiget as Alsibiades opmarsjearret tsjin Atene.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timon of Athens waard ûnder de titel Timon fan Athene yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1969 waard dat publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VII, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas Otello, Kening Lear en Macbeth.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VII: Trageedzjes: Othello, de Moar fan Veneesje, Kening Lear, Macbeth, Timon fan Athene, Antonius en Cleopatra, Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater