De Ferlerne Soan fan Londen

Ut Wikipedy
De Ferlerne Soan fan Londen
algemiene gegevens
oarspr. titel The London Prodigal
auteur taskreaun oan ferskate auteurs
(û.o. William Shakespeare)
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591-1603
1e publikaasje 1604, Londen

De Ferlerne Soan fan Londen, yn it Ingelsk: The London Prodigal, is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It spilet yn 'e Ingelske haadstêd Londen en ferhellet oer in ferlerne soan dy't komt yn te sjen hoe ferkeard oft er derhinne libbet. It stik is dúdlik basearre op of alteast ynjûn troch it bibelske Ferhaal fan de Ferlerne Soan, in likenis yn it nijtestamintyske Evangeelje fan Lukas (15:11-32). It stik waard foar it earst publisearre yn 1604, mar wannear't it skreaun is, is net alhiel dúdlik. Guon saakkundigen datearje it sa ier as 1591, wylst oaren hawwe wolle dat it krekt foar de útjefte, yn 1603, skreaun is.

Auteurskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1664 wie De Ferlerne Soan fan Londen ien fan sân toanielstikken dy't troch útjouwer Philip Chetwinde tafoege waarden oan 'e twadde printinge fan syn saneamde Third Folio, wêryn't alle stikken fan 'e wiidferneamde skriuwer en dichter William Shakespeare samle wiene. De namme fan Shakespeare stiet ek fermeld op 'e foarside fan 'e tredde útjefte fan it stik, út 1605. Sadwaande wurdt De Ferlerne Soan fan Londen ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, al wurdt de taskriuwing oan Shakespeare troch Shakespeare-kenners oer it algemien fersmiten. Oare toanielskriuwers oan wa't it stik taskreaun is, binne Ben Jonson, Thomas Dekker, John Marston, Michael Dreyton, Thomas Heywood en George Wilkins. Gjint fan dy taskriuwings wurdt lykwols troch in substansjeel diel fan 'e akademyske mienskip akseptearre.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Matthew Flowerdale, de ferlerne soan fan 'e begoedige Londenske keapman Flowerdale Senior, is in gokker, flokker, fjochter, sûplap en dief. Flowerdale Senior wurdt troch syn (eigen) jongere broer, Flowerdale Junior, warskôge foar it ûnweardige hâlden en dragen fan syn soan, mar Flowerdale Senior wiuwt syn noed en soarch fuort mei te sizzen dat de jonkheid syn túltsjes úttúlje kinne moat en dat syn soan beslist mei gauwens syn gedrach betterje sil. Mar nettsjinsteande syn soargeleaze wurden sit er der temûk dochs wol wat oer yn, dat hy set syn eigen dea yn sêne en ferklaait him as in tsjinstfeint, sadat er syn soan bespionearje kin. It griist him oan hoe't dy derhinne libbet.

Matthew Flowerdale ferfalsket in testamint, sadat er beare kin in ryk man te wêzen en al syn besittings nei te litten oan sir Lancelot Spurcock. As dy lêste "by tafal" dat testamint ûnder eagen kriget, beslút er ta te stimmen yn it houlik fan syn dochter Luce mei de jonge Flowerdale. Se trouwe al rillegau, mar op syn troudei wurdt Matthew oppakt foar útsteande skulden. Hy wurdt almar earmer en bestelt ien fan Luce har susters. Hoewol't se troch har man hûnsk behannele wurdt (hy stiet der sels by har op oan om har te prostituëarjen, sadat er op dy manear oan jild komme kin), bliuwt Luce him trou en wit se him op 't langelêst te bepraten ta berou en feroaring. It stik einiget as Flowerdale Senior himsels oppenearret en syn soan lokwinsket mei syn nije libbenshâlding.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Logan, Terence P., en Smith, Denzell S., The Popular School: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1975 (University of Nebraska Press).
  • Logan, Terence P., en Smith, Denzell S., The New Intellectuals: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1977 (University of Nebraska Press).
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater