Susanna Shakespeare

Ut Wikipedy
Susanna Shakespeare
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Ingelsk
berne 26 maaie 1583 (doopt)
berteplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
stoarn 11 july 1649
stjerplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
reden
  bekendheid
dochter fan de toanielskriuwer
   William Shakespeare

Susanna Shakespeare (doopt 26 maaie 158311 july 1649) wie it âldste bern út it houlik fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare mei syn frou Anne Hathaway, en de âldere suster fan Judith en Hamnet Shakespeare.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anne Hathaway hie al wetter yn 'e kelder doe't sy en Shakespeare trouden. Men is fan tinken dat Susanna Shakespeare net nei in famyljelid ferneamd waard, mar nei Suzanne, de haadpersoan út it apokrife bibelboek Suzanne, wat doedestiden in nijmoadrige namme wie dy't benammen yn puriteinske fermiddens oan famkes jûn waard.

Hall's Croft, it hûs yn Stratford-upon-Avon dêr't Susanna Shakespeare oant 1616 mei har man John Hall wenne.

Susanna waard grutdiels troch har mem allinnich (mei't har heit foar syn wurk faak yn Londen tahold) grutbrocht yn Stratford-upon-Avon, yn it greefskip Warwickshire, yn Midden-Ingelân. Der is neat bekend oer ienich ûnderwiis dat se folge, mar har hantekening is oerlevere, dat se moat perfoarst lêzen en skriuwen leard hawwe. Susanna troude op 5 juny 1607 mei John Hall, in dokter, dy't ta de notabelen fan Stratford hearde. Sy wie doe 24; hy 32. Der besteane oanwizings dat William Shakespeare har in breidsskat meijoech fan 105 acres grûn. Susanna en John krigen ien bern, Elizabeth, dat op 21 febrewaris 1608 doopt waard. Dat wie de iennichste pakesizzer dy't Shakespeare koe, mei't de bern fan Susanna har suster Judith pas nei syn dea te wrâld kamen.

Yn juny 1613 waard Susanna troch in man fan 23 dy't fan John Lane jr. hiet, beskuldige fan oerhoer mei in Rafe Smith, in 35-jierrige manljusskroar, wêrby't er boppedat noch úthold dat Smith har besmet hie mei in sekueel oerdraachbere sykte. No is bekend dat Lane in tsjinstanner wie fan 'e puriteinske pleatslike dûmny, Thomas Wilson, tsjin wa't er letter dielnimme soe oan in oarderfersteuring. Mei't de Halls krekt trouwe oanhingers fan Wilson wiene, hat it wol kâns dat efter Lane syn beskuldigings politike motivaasjes beskûlgiene, temear om't er skuldich befûn waard oan kwealaster doe't de Halls him op 15 july foar de tsjerklike rjochtbank te Worcester dagen, en om't er yn 1619 yn in oare saak op 'e nij skuldich befûn waard oan kwealaster.

By de dea fan William Shakespeare, op 23 april 1616, liet er it meastepart fan syn besittings nei oan Susanna en har manlike neikommelingen. Susanna stoar sels op 11 july 1649, yn 'e âlderdom fan 66 jier, en waard begroeven yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Stratford-upon-Avon, fuort njonken har âlden. Yn har sarkstien is dit gedicht kurven:

Witty above her sex, but that's not all,
Wise to Salvation was good Mistress Hall,
Something of Shakespeare was in that, but this
Wholly of him with whom she's now in blisse.
Then, passenger, hast nere a tear
To weep with her that wept with all
That wept, yet set herself to chere
Them up with comforts cordiall?
Her love shall live, her mercy spread
When thou hast nere a tear to shed.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater