Dichter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stânbyld fan Guido Gezelle yn Brugge, makke troch Jules Lagae.

In dichter of (wat âldfrinzich) poëet, is in skriuwer fan poëzij (gedichten). In skriuwer fan lietteksten wurdt faak tekstdichter of songwriter neamd.

Hoewol't elke skriuwer fan in gedicht oantsjutten wurde kin as de dichter fan dat wurk, wurdt net eltsenien dy't ea in gedicht publisearre hat automatysk ta de beropsgroep fan de dichters rekkene. Dat jildt allinnich foar dy skriuwers fan wa't de gedichten de haadmoat fan harren literêre produksje foarmje; prozaïsten dy't sa no en dan in gedicht skriuwe binne "skriuwer". Faak klinkt yn it takennen fan it predikaat "dichter" ek in kwaliteitsoardiel troch: at der yn literêre fermiddens oer "dichters" praten wurdt, giet it perfoarst net oer sneinsdichters.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]