Symbelinus

Ut Wikipedy
Symbelinus
algemiene gegevens
oarspr. titel Cymbeline
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun <1611
1e publikaasje 1623, Londen
1e opfiering 1611
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Cymbeline
publikaasje 1976, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Symbelinus, yn it oarspronklike Ingelsk: Cymbeline (útspr: /ˈsɪmbɨli:n/; folút eins: The Tragedy of Cymbeline en ek wol bekend as Cymbeline, King of Britain), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is basearre op 'e leginden oer Kunobelinus, in iere Keltyske kening fan Brittanje, en hat benammentlik oergeunst en ûnskuld ta tema, krekt as Otello en It Winterjûnsteltsje. Hoewol't de gesachhawwende First Folio, út 1623, it klassifisearre as in trageedzje, is men tsjintwurdich eins fan tinken dat Symbelinus mear de eigenskippen fan in komeedzje hat. It is noch altiten net dúdlik wannear't it stik krekt skreaun is, al datearret de ierst bekende opfiering fan 1611. It waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Imogen, de dochter fan 'e Brittannyske kening Symbelinus, is fereale rekke op Postumus Leonatus, ien fan har heite hôvelingen. Hja binne temûk troud en hawwe ta teken dêrfan geskinken útwiksele: hy hat in ring fan har krigen en sy in earmbân fan him. Lykwols, Symbelinus hat ûntdutsen wat se útheefd hawwe, en hat dêrop Postumus ferballe foar syn oanmatiging. Imogen har âldere bruorren Guidearius en Arviragus binne nammentlik as jonkjes ûntfierd en nei alle gedachten fermoarde troch de ferrieder Belarius, dat Imogen is har heite erfgenamte, en wa't mei har trout, wurdt sadwaande Symbelinus syn troanopfolger. Symbelinus is in fazal fan 'e Romeinske keizer Augustus, en de Romeinske gesant Gajus Lusius is ûnderweis om 'e skatting op te easkjen dy't Symbelinus ûnder ynfloed fan 'e keninginne wegere hat te beteljen. Dy keninginne is net de mem fan Imogen, mar Symbelinus syn twadde frou. Hja hat in foarsoan, in groubloedige en arrogante jongfeint dy't fan Klotenius hjit, en yntrigearret om dy mei Imogen trouwe te litten, sadat er Symbelinus as kening opfolgje sil. Se is ek fan doel om, sadree't Klotenius en Imogen troud binne, sawol it fanke as Symbelinus út 'e wei te romjen. Dêrta hat se fan 'e hofdokter Kornelius in deadlik gif frege, mar Kornelius, dy't har bedoelings trochseach, hat har ynstee in middel jûn dat nei ynname de dea in pear oeren simulearje sil ear't it slachtoffer wer wekker wurdt. Underwilens hat Imogen har yn har fertrekken opsletten en negearret dêr alle oantreastgings om mei Klotenius te trouwen.

Postumus flechtet nei Itaalje, dêr't er him by syn freon Filario jout. Dêr komt er yn 'e kunde mei Iachimo (of Giacomo), dy't er ferfeelt mei in lange lofsang op 'e skientme en trou fan Imogen. Uteinlik daget Iachimo him út ta in weddenskip. As Iachimo Imogen ferliede kin en dat bewiist, sil er de ring winne dy't Imogen oan Postumus jûn hat; as it him net slagget, moat er lykwols Postumus in bedrach betelje en dêropta in duël mei him útfjochtsje. Iachimo reizget nei Brittanje ta, dêr't er him fûleindich taleit op it ferlieden fan Imogen, mar dy sjocht him net stean. Dêrop beslút Iachimo ta bedragerij: hy ferskûlet him yn in kleankiste yn Imogen har sliepkeamer, en as hja sliept, ûndersiket er de keamer en har neakene lichem foar dingen dy't him as bewiis foar har ûntrou tsjinje kinne. Weromkeard yn Itaalje oertsjûget er Postumus derfan dat er Imogen ferlaat hat troch te sizzen dat se in maal oan 'e ûnderkant fan ien fan har boarsten hat. Yn syn lulkens en fertriet stjoert Postumus dêrop twa brieven nei Brittanje ta. Oan Imogen freget er om him yn Milford Haven, oan 'e westkust fan Wales te treffen. Mar oan syn yn Brittanje efterbleaune tsjinstfeint Pisanio skriuwt er dat dy Imogen yn Milford Haven fermoardzje moat. Hy hat lykwols bûten Pisanio syn gewisse rekkene: de feint kin himsels net ta de die bringe en lit Imogen ynstee ûnderweis it brief sjen dat er fan Postumus krigen hat. Op syn oanrieden ferklaait se har as in jonge en reizget se allinnich fierder nei Milford Haven om dêr wurk te sykjen. Hy jout har ek it sabeare fergif dat de keninginne by Kornelius besteld hie, yn 'e ferûnderstelling dat it in middel tsjin mislikens is. Imogen nimt de namme Fidelius oan, dat "trou" betsjut.

Imogen yn har sliepkeamer, dêr't Iachimo de maal oan 'e ûnderkant fan har boarst sjocht (yllústraasje fan Wilhelm Ferdinand Souchon, út 1872).

Oan it hof is yn 'e tuskentiid de Romeinske gesant Lusius oankommen; as Symbelinus noch altiten wegeret en betelje skatting, warskôget dy foar de grime fan keizer Augustus. Underwilens komt Klotenius, dy't spinnidich is oer in eardere mislediging troch Imogen, efter har geheime moeting mei Postumus yn Milford Haven. Hy ferklaait himsels yn Postumus syn klean en set ôf nei Wales ta, mei as bedoeling om Postumus foar Imogen har eagen te fermoardzjen, har boppe-op syn lyk te ferkrêftsjen en har dan mei te slepen werom nei it hof om har ta in houlik te twingen.

Op Imogen har reis nei Milford Haven bedarret se yn 'e Welske bergen, dêr't se swak wurdt fan 'e honger. Se fynt in grot dêr't lokkigernôch wat fiktaalje yn opslein leit. Wylst se oan it iten is, komme de bewenners fan 'e grot thús: Belarius en syn "soannen" Polydoarus en Kadwallus (dy't eins har eigen deawaande bruorren Guidearius en Arviragus binne). Hja hawwe begrutsjen mei de jonge "Fidelius" en litte "him" ite en bekomme. Sels bejouwe se har in eintsje fan 'e grot ôf, dêr't se Klotenius treffe. Nei't dy harren misledige hat, slacht Guidearius him by in gefjocht de holle ôf. Belarius, dy't de jongfeint wer ken fan syn tiid oan it hof, sit deroer yn dat Klotenius syn dea de grime fan Symbelinus op him delbringe sil. Underwilens nimt Imogen, dy't har net botte lekker fielt, it middel yn dat Pisanio har jûn hat. As Belarius en syn "soannen" nei har gefjocht mei Klotenius wer by de grot komme, fine se dêr "Fidelius" dea (of alteast, dat miene se). Se bekleie "syn" lot, en lizze it holleleaze lyk fan Klotenius njonken "him". Se sette ôf en beslute om mei te fjochtsjen tsjin 'e Romeinen, mei't keizer Augustus in leger stjoerd hat om 'e dôfhûdige Symbelinus teplak te setten. As Imogen letter wekker wurdt, mient se, fanwegen de klean, dat it lyk njonken har dat fan Postumus is. Hja flechtet nei Milford Haven, dêr't ûnderwilens it Romeinske leger oan lân kommen is, en wurdt yn tsjinst nommen troch de Romeinske gesant Lusius. Underwilens arrivearret Postumus, pleage troch skuldgefoelens oer syn befel om Imogen te fermoardzjen, yn Brittanje, dêr't er fjochtsjend tsjin 'e Romeinen stjerre wol.

Postumus en Imogen, troch de keunstskilder John Faed.

De slach giet earst net goed foar de Brittanniërs, mar fjouwer fûleindige fjochters (Belarius, Guidearius, Arviragus en Postumus) keare it tij, en it treffen einiget yn in nederlaach foar de Romeinen. Nei de slach jout Postumus, dy't noch altyd dea wol, himsels ferklaaid as in Romeinsk soldaat oer oan Symbelinus. Hy wurdt mei de oare kriichsfinzenen, wêrûnder "Fidelius", Lusius en Iachimo, feroardiele ta de dea. Foar't dat fûnis útfierd wurde kin, arrivearret Kornelius, mei it berjocht dat de keninginne stoarn is, en dat se op har stjerbêd sûnder berou ferteld hat oer har moardsuchtige gearspannings. Symbelinus, dy't bot fan 'e wize brocht is troch dat nijs, risselwearret om 'e finzenen terjochtstelle te litten, mar rekket der hielendal ôf as er "Fidelius" sjocht. Dy komt him sa bekend foar dat er de jonge graasje ferlient en him in geunst tastiet. Imogen, dy't har ring oan 'e finger fan Iachimo opmurken hat, wol witte hoe't hy dêroan komt. Iachimo docht dan it ferhaal fan 'e weddenskip út 'e doeken en jout ta dat er Postumus bedragen hat om te winnen. Dan komt Postumus nei foarren, fertelt wa't er is en befêstiget Iachimo syn tsjûgenis. Alhiel oerémis dat er noch libbet, wol Imogen him oankrûpe, mar Postumus, dy't noch altyd mient dat se in jonge is, slacht har del. Dêrop leit Pisanio út dat "Fidelius" yn wurklikheid Imogen is. Mar as er har oerein helpe wol, warret se him ôf, mei't se mient dat er har mei it "gif" fan 'e keninginne fermoardzje wollen hat. Dan moat Kornelius útlizze dat it gjin gif wie en dat Pisanio gjin blaam treft. It wurd is dan oan Belarius, dy't úthâldt dat er al dy jierren lyn falsk beskuldige is fan ferrie. Dêrop fertelt er wa't syn "soannen" Polydoarus en Kadwallus eins binne. Symbelinus is alhiel feringele om 'e deawaande Guidearius en Arviragus werom te hawwen, dat hy skinkt alle kriichsfinzenen graasje. No't har bruorren der wer binne, is Imogen frij om mei Postumus te trouwen. Dat alles beteart goed en allegear binne se allike gelokkich. Symbelinus beslút om no wer skatting ôf te dragen oan keizer Augustus, en rjochtet in grut feest oan, dêr't elkenien foar útnûge is.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cymbeline waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei in pear oare minder bekende stikken fan Shakespeare (Koriolanus en Perikles, Prins fan Tyrus) en mei it grutste part fan syn poëzij (de Sonnetten, Fenus en Adoanis en De Rôf fan Lukresia).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen, Drachten, 1976 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater