Londen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Londen
London collage.jpg
Sifers
Ynwennertal 7.556.900 (2007)[1]
Oerflak 1.572,1 km²
Befolkingstichtens 4.807 km²
Stêdekloft 8.278.251 (stêdekloft, 2001)[2]
13.945.000 (Metropolitan Area, 2001)
Hichte 24 m. boppe seenivo
Polityk
Lân flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Feriene Keninkryk
Lân (yn it FK) Ingelân
Regio Greater London
Oar
Tiidsône UTC +0
Koördinaten 51° 31' NB, 0° 7' WL
Webside london.gov.uk

Londen (Ingelsk: London) is de haadstêd fan Grut-Brittanje en fan Ingelân. London leit yn it súdeasten fan Ingelân oan de Teems, sa'n 80 km. fan de Noardsee ôf.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Londinium waard yn it jier 43 nei Kristus stifte troch de Romeinen, op in plak oan de noardkant fan de Teems. Yn dy tiid wienen de Britske eilannen bewenne fan Kelten. Yn 61 n. Kr. fernielen de Britten (Kelten) Londinium. De stêd waard wer nij opboud. Yn de 2e ieu waard de earste brêge oer de Teems makke. Londinium wie ien fan de grutste plakken yn it Romeinske ryk, mar doe't it Romeinske Ryk yn it neigean rekke hie dat ek kwealike gefolgen foar de stêd.

Mei de bou fan in katedraal troch Eatelbert fan Kent groeide de stêd wer. Yn de 12e ieu waard Londen de haadstêd fan Ingelân.

Yn 1348 stoar in treddepart fan de befolking troch de Swarte Dea, yn 1665 stoaren 70.000 minsken oan de pest. Troch de grutte brân fan Londen yn 1666 baarnde mear as de helte fan de stêd ôf, dêrtroch is hjoed de dei mar in lyts stik fan de âlde stêd bewarre bleaun. Tusken 1825 en 1925 wie Londen de grutste stêd op de wrâld.

Yn de Twadde Wrâldkriich wienen grutte stikken fan Londen ferneatige troch Dútske bombardeminten. Yn 1944-45 foelen ferskate Dútske V1 en V2 raketten op de stêd. Sa'n 30.000 minsken rekken dêrby dea. Yn 1965 waard Greater Londen as bestjoerlike ienheid formeel oprjochte.

[bewurkje seksje] Ferkear

De Teems hat altyd belangryk foar de ûntjouwing fan Londen west. Omdat de Teems fan de see oan de stêd ta goed befarber wie, koenen grutte havengebieten ûntstean. Lytse rivierkes, al of net ferbûn mei de Teems, binne kanilisearre of mei kanalen ferbûn mei de Teems.

Der binne ferskate maatregels naam om de ferkearsbelesting yn it sintrum minder te meitsjen. Yn de 19e ieu waard de earste metro oanlein omdat de strjitten fan Londen fol en lyts wienen. Hjoed de dei is de metro noch hieltyd in goed ferkearsmiddel om fan it iene nei it oare plak te kommen.

[bewurkje seksje] Fleanfjilden

It grutste fleanfjild fan Londen is Londen Heathrow, en leit 24 km westlik fan Londen. Oare fleanfjilden binne:

  • City, sa likernôch 15 km fan Londen City.
  • Gatwick, 45 km súdlik fan Londen.
  • Luton, 50 km noardwestlik fan Londen.
  • Stansted, 55 km noardeastlik fan Londen.

[bewurkje seksje] Befolking

Al yn 140 hie Londen al 30.000 ynwenners, yn 1300 wienen dat 100.000 en yn 1801 wie Londen nei Rome de twadde stêd yn de skiednis fan it minsdom mei mear as 1 miljoen ynwenners.

It sintrum fan Londen

By de folkstelling fan 2007 hie Londen 7.554.236 ynwenners. De stêdekloft (ek wol; Grutter-Londen) hie 12.629.020 ynwenners.

  • 50: 7.500
  • 140: 30.000
  • 500: 500
  • 1000: 10.000
  • 1300: 100.000
  • 1600: 200.000
  • 1750: 675.000
  • 1801: 1.096.784
  • 1851: 2.651.939
  • 1901: 6.506.889
  • 1939: 8.615.050
  • 1951: 8.196.807
  • 1981: 6.608.598
  • 2001: 7.172.091
  • 2007: 7.554.236

[bewurkje seksje] Geografy

It gruttere Londen beslacht in gebiet fan 1,579 km², dêrtroch is it ien fan de grutste stêden op 'e wrâld. De Teems is in befarbere rivier dy't fan it súdwesten nei it easten troch de stêd rint.

[bewurkje seksje] Klimaat

De stêd leit yn in gebiet mei in seeklimaat; gjin ekstreem waarme simmers en gjin ekstreem kâlde winters. De trochsneed temperatoer yn it jier is 14,4 °C.

Moanne Jan Feb Maa Apr Maa Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des
Trochsneed temperatoer heech °C (°F) 7.2 (45.0) 7.6 (45.7) 10.3 (50.5) 13.0 (55.4) 17.0 (62.6) 20.3 (68.5) 22.3 (72.1) 21.9 (71.4) 19.1 (66.4) 15.2 (59.4) 10.4 (50.7) 8.2 (46.8)
Trochsneed temperatoer leech °C (°F) 2.4 (36.3) 2.5 (36.5) 3.8 (38.8) 5.6 (42.1) 8.7 (47.7) 11.6 (52.9) 13.7 (56.7) 13.4 (56.1) 11.4 (52.5) 8.9 (48.0) 5.1 (41.2) 3.4 (38.1)
Totale reinfal yn mm 53 36 48 47 51 50 48 54 53 57 57 57
Tal dagen rein 14.8 10.8 13.4 12.7 12.5 10.5 10.1 10.9 10.5 11.6 14.0 13.2
Boarne: Worldweather.org

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

>
Commons Commons: Londen – foto, fideo en harktriemmen

Internet-web-browser.svg 51° 30′ 0″ NB, 0° 8′ 0″ EL

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Table 8 Mid-2007 Population Estimates: Selected age groups for local authorities in the United Kingdom; estimated resident population.
  2. Usual resident population: Census 2001, Key Statistics for urban areas
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen