Angelsaksyske Kronyk

Ut Wikipedy
Side fan de Peterborough Chronicle.

De Angelsaksyske Kronyk of Anglo-Saxon Chronicle is in samling dokuminten dy't de skiednis fan de Angelsaksen en harren festiging op de Britske Eilannen beskreaud.

De (beheinde) skiedskriuwing begjint al yn 60 f.Kr. en rint troch oant fier yn de 12e iuw. In soad fan de ynformaasje komt lykwols út de twadde hân en fan hearren en sizzen oer in barren op in oar plak. De Kronyk is dêrtroch net hielendal te betrouwen, mar foar ynformaasje oer guon perioaden en plakken is it lykwols de iennichst oerbleaune skreaune boarne. De hânskriften waarden op ferskillende plakken skreaun en litte beskate foaroardielen fan de skriuwers sjen.

De kroniken wienen fral in middel om de dingen op datum fêst te lizzen en te oarderjen. Rûnom waard leaud dat de wrâld yn it jier 1000 fergean soe en it waard wichtich achte jin plak oan de ein fan de tiden fêst te lizzen.

De annalen waarden meast bewarre en bewurke yn kleasters en wienen faak oan it plak fan ûntstean bûn. Sa wie der wol omtinken foar de pleatslike rispinge en de krapte oan bijen, wylst politike saken dy't fierder fuort spilen faak net behannele waarden.

Dochs binne de kroniken nijsgjirrich en fan belang omdat se de earste Europeeske trochgeande skiedskriuwing yn in Germaanske lânstaal befetsje. Fan de sân oerbleaune manuskripten binne seis yn it Aldingelsk of ier Midingelsk skreaun, it sânde is in mjuks fan Aldingelsk en Latyn. It âldste manuskript is bekend as de Parker Chronicle (neamd nei in eardere eigner, Matthew Parker) of de Winchester Chronicle. Bewiis is der net, mar der wurdt sein dat de kroniken ûntstiene op inisjatyf fan kening Alfred de Grutte.

Hânskriften[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noch besteande hânskriften binne:

  • Manuskript A: The Parker Chronicle (Corpus Christi College, Cambridge, MS. 173); Cottonian Fragment (Londen, British Library, Cotton MS. Otho B xi, 2)
  • Manuskript B: The Abingdon Chronicle I (British Library, Cotton MS. Tiberius A vi.)
  • Manuskript C: The Abingdon Chronicle II (British Library, Cotton MS. Tiberius B i.)
  • Manuskript D: The Worcester Chronicle (British Library, Cotton MS. Tiberius B iv.)
  • Manuskript E: The Laud (of "Peterborough") Chronicle (Oxford, Bodleian Library, MS. Laud 636)
  • Manuskript F: The Bilingual Canterbury Epitome (British Library, Cotton MS. Domitian A viii.) - skreaun yn it Ingelsk en it Latyn.
  • Manuskript H: Cottonian Fragment (British Library, Cotton MS. Domitian A ix.)
  • Manuskript I: An Easter Table Chronicle (British Library, Cotton MS. Caligula A xv.)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]