Denewet

Ut Wikipedy
Ingelân yn 878.
It Denewet-gebiet is yn giel.

De Denewet wie in troch Deenske Wytsingen kolonisearre gebiet yn Noard-Ingelân yn de 9e en 10e iuw.

Nei de Slach by Edington yn 878 hie kening Alfred de Grutte fan Wesseks yn Ingelân de oprukkende Denen witten te ferslaan. De slach twong de Denen, dy't har yn hieliten gruttere oantallen yn Ingelân fêstigen, ta de ûnderhannelingstafel.

Uteinlik waard de Denen in eigen gebiet yn Ingelân tawiisd, dêr't se harren eigen wetten jilde litte koenen: de Denewet. Dit ferdrach brocht lykwols gjin frede. Fanút see en de Denewet bleaunen de Deenske Wytsingen Ingelân en Wesseks oanfallen, oant kening Aetelstan de Denen begjin 10e iuw fersloech.