Enfield (Londen)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Enfield
Enfield yn grut Londen
Enfield yn grut Londen
Sifers
Ynwennertal ↑294.900 (2010)
Oerflak 82,20 km²
Befolkingstichtens 3587,6/ km²
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Grut-Londen
Regio Grut-Londen
Oar
Tiidsône GMT
*Simmertiid BST (UTC+1)
Webside www.enfield.gov.uk


Enfield is in Ingelsk distrikt yn it greefskip Grut-Londen en hie 273.559 ynwenners yn 2001.

Fan de befolking is 13,8% âlder as 65 jier. De wurkleazens beslacht 4,1% fan de beropsbevolking (sifers folkstelling 2001).

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Enfield wie in lyts merkstedsje yn de county Middlesex oan de râne fan in grut bosk, likernôch in dei reizgjen fan doetiidsk Londen ôf. Meidat Londen hieltyd grutter waard, waard Enfield Town mei omkriten in foarstêd fan Londen mei goede ferbinings nei it sintrum fan dy stêd. It hjoeddeiske distrikt ûntstie yn 1965.

Nei de oermastering fan Ingelân troch de Normandjers, waard Enfield, en it oanswettende Edmonton, neamd yn it Domesday Book. Beide plakken hienen doe tsjerken; Enfield hie doe 400 ynwenners en Edmonton hie 300. Enfield hie doe ek in "parc". Dat grutte bosk makke Enfield in plak fan belang, omdat dêr yn de midsieuwen in soad in jage waard troch begoedige Londners. Earst kamen dy lju om te jeijen en letter setten sy der ek huzen. Yn 1303 krige it plak merkrjocht fan kening Edward I fan Ingelân. In merk wurdt der noch alle wiken hâlden.

Yndustry[bewurkje seksje | edit source]

Enfield is faaks it meast bekend troch har skiednis fan wapenyndustry. It Lee-Enfield .303 gewear, standertgewear yn it Britske leger oant 1957, waard dêr makke. Oare ferneamde fjoerwapen dy't dêr makke waarden binne de Brengun en de Stengun — yn beide gefallen slach it "en" yn de namme op 'En'field.

Wiken yn distrikt Enfield[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn enfield[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]