Olympyske Spullen

Ut Wikipedy
Olympyske Spullen
Olympyske Ringen
Olympyske Ringen
sport 26 Simmersporten
7 Wintersporten
organisator Ynternasjonaal Olympysk Komitee
earste edysje 1896 Atene (Simmerspullen)
Sjamoniks 1924 (Winterspullen)
edysjes
foarrige edysje 2022 Peking (Winterspullen)
folgjende edysje 2024 Parys (Simmerspullen)
Temaside  Sport

De Olympyske Spullen binne in ynternasjonaal sportevenemint, dêr't eltse fjouwer jier twa fan hâlden wurde: de Olympyske Simmerspullen en twa jier letter de Olympyske Winterspullen. De organisaasje fan de spullen is yn hannen fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee, mar de organisaasje fan elts apart spul docht de stêd dêr't de spullen hâlden wurde, troch in apart organisaasjekomitee. Op it stuit (2010) is Jacques Rogge foarsitter fan it YOK.

Klassike Olympyske Spullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de klassike âldheid waarden alle fjouwer jierren by Olympia spullen hâlden ta eare fan Seus. Earst sûnt 776 f.Kr. waarden de nammen fan de winners byhâlden. De spullen begûnen as yn iendeiswedstriid yn hurdrinnen. Letter kamen der ek de estafette, it fakkelrinnen, de fiifkamp (diskussmiten, fierspringen, hurdrinnen, spearsmiten en wrakseljen), de pankration, it wapenrinnen, en it weinrinnen by, en waarden de spullen in wike.

De dielnimmers wienen frije Hellenen en letter ek Romeinen, mar allinnich foar it weinrinnen koenen froulju ynskreaun wurde. Dat froulju ynskreaun wurde koenen woe net sizze dat se sels meidienen: by it weinrinnen waarden de hynders ynskreaun op de namme fan de eigner, net dy fan de stjoerman.

Yn it jier 394 makke Teodosius de Grutte in ein oan de Klassike Olympyske Spullen.

Moderne Olympyske Spullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Moderne Olympyske Spullen wienen in idee fan de Franske baron Pierre de Coubertin dat er op 25 novimber 1892 foar it earst publyklik makke. Pas yn 1894 waard it Ynternasjonaal Olympysk Komitee oprjochte. Mar doe gie it hurd, dat dêr't De Coubertin tocht hie de earste spullen in 1900 yn Parys te hâlden, waarden yn 1896 de earste moderne spullen al organisearre yn Atene. Grikelân hie de spullen graach altyd organisearje wollen, mar om it idee fan ynternasjonale spullen fuort te sterkjen waarden de spullen eltse fjouwer jier yn in oar lân organisearre.

Yn 1924 waard yn Sjamoniks in Ynternationale Wintersportwike organisearre. Doe't dat in súkses waard, waarden fjouwer jier letter yn Sankt Moritz de twadde Olympyske Winterspullen organisearre. Oant en mei 1992 waarden de beide spullen yn itselde jier hâlden, mar yn 1994 waarden wer Winterspullen hâlden, yn Lillehammer sadat se no krekt út de pas rinne mei de Olympyske Simmerspullen.

Sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simmersporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeiske sporten


Sporten út it ferline


Wintersporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeiske sporten


Hâlden en takomstige Olympyske Spullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Rekôr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske swimmer Michael Phelps behelle by de Spullen fan 2012 yn Londen syn 22ste Olympyske medaille. Hy swom dêrmei it rekôr fan Larisa Latina út de eardere Sovjet-Uny dy't op de Spullen fan 1956, 1960 en 1964 yn totaal 18 Olympyske medailles behelle by it Gymnastyk út de boeken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olympyske Spullen
Simmerspullen: Atene 1896 | Parys 1900 | St. Louis 1904 | Londen 1908 | Stokholm 1912 | Antwerpen 1920 | Parys 1924 | Amsterdam 1928 | Los Angeles 1932 | Berlyn 1936 | Londen 1948 | Helsinki 1952 | Melbourne 1956 | Rome 1960 | Tokio 1964 | Meksiko (stêd) 1968 | München 1972 | Montreal 1976 | Moskou 1980 | Los Angeles 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 (2021) | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | Brisbane 2032
Winterspullen: Chamonix 1924 | Sankt Moritz 1928 | Lake Placid 1932 | Garmisch-Partenkirchen 1936 | Sankt Moritz 1948 | Oslo 1952 | Cortina d'Ampezzo 1956 | Squaw Valley 1960 | Innsbruck 1964 | Grenôble 1968 | Sapporo 1972 | Innsbruck 1976 | Lake Placid 1980 | Sarajevo 1984 | Calgary 1988 | Albertville 1992 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | Salt Lake City 2002 | Turyn 2006 | Vancouver 2010 | Sotsji 2014 | Pyeongchang 2018 | Peking 2022 | Milaan en Cortina d'Ampezzo 2026
wizigje