De Olympyske Winterspullen 1994, ek wol de XVIIe Olympiade neamd, waarden yn 1994 hâlden yn it Noarske plak Lillehammer fan 12 oant en mei 27 febrewaris.
It Vikingskipet foar it reedriden
De sporten waarden foar it grutste part organisearre yn Lillehammer. Dêrneist waard yn Hamar reedriden; yn it Vikingskipet it langebaanriden en yn it Hamar OL-Amfi it shorttrack en it keunstriden. Yn Gjøvik waarden inkele iishokkywedstriden hâlden.
| Akkommodaasje |
Sport (en) |
Lokaasje |
Kapisiteit |
| Birkebeineren Sky Stadion |
Biatlon, Skyrinne, Noardske kombinaasje (skyrinne) |
Lillehammer |
34000 |
| Gjøvik Olympyske Grot Hal |
Iishokky |
Gjøvik |
5300 |
| Håkon Hal |
Iishokky |
Lillehammer |
10500 |
| Hamar Olympysk Amfiteater |
Keunstriden, Shorttrack |
Hamar |
6000 |
| Vikingskipet |
Reedriden |
Hamar |
10600 |
| Kanthaugen Freestyle Arena |
Freestyleskye |
Lillehammer |
15000 |
| Hafjell |
Alpineskye (slalom, grutte slalom, kombinearre) |
Øyer |
30000 |
| Kvitfjell |
Alpineskye (delgong, super-G, kombinearre) |
Ringebu |
41000 |
| Lillehammer Olympyske Bobslydzjen en Rodeljen baan |
Bobslydzje, Rodelje |
Lillehammer |
10000 |
| Lysgårdsbakken |
Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen |
Lillehammer |
35000 |
| Lysgårdsbakken |
Iepening en sluting seremoanjes |
Lillehammer |
35000 |
| Stampesletta |
Medalje seremoanjes |
Lillehammer |
30000 |
| Lillehammer Olympysk Doarp |
Underkommen atleten |
Lillehammer |
2300 |
| Hamar Olympysk Doarp |
Underkommen atleten |
Hamar |
500 |
In postsegel oer de Spullen
Op de Spullen fan 1994 stiene seis sporten op it programma en 61 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.
| Plak |
Lân |
NOK |
 |
 |
 |
Totaal |
| 1 |
Ruslân |
RUS |
11 |
8 |
4 |
23 |
| 2 |
Noarwegen |
NOR |
10 |
11 |
5 |
26 |
| 3 |
Dútslân |
GER |
9 |
7 |
8 |
24 |
| 4 |
Itaalje |
ITA |
7 |
5 |
8 |
20 |
| 5 |
Feriene Steaten |
USA |
6 |
5 |
2 |
13 |
| 6 |
Súd-Korea |
KOR |
4 |
1 |
1 |
6 |
| 7 |
Kanada |
CAN |
3 |
6 |
4 |
13 |
| 8 |
Switserlân |
SUI |
3 |
4 |
2 |
9 |
| 9 |
Eastenryk |
AUT |
2 |
3 |
4 |
9 |
| 10 |
Sweden |
SWE |
2 |
1 |
0 |
3 |
In rekordoantal fan 67 lannen die mei oan de Spullen Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje twa jier dêrfoar. De gearstalling fan de lannen liet grutte ferskillen sjen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Algerije, Bolivia, Kosta Rika, Hondueras, Ierlân, Yndia, Noard-Korea, Libanon, Marokko, de Nederlânske Antillen, de Filipinen en Swazilân. Joegoslaavje mocht fanwegen in ynternasjonale (sport)boykot net meidwaan.
Njoggen eardere Sowjet-steaten kamen net mear as in mienskiplik team út, mar as ôfsûnderlike lannen. Dat betsjutte it debút op de Winterspullen foar Armeenje, Georgië, Kazachstan, Kirgyzje, Moldaavje, Oekraïne, Oezbekistan en Wyt-Ruslân en de rentree fan Ruslân. Mei it útienfallen fan Tsjechoslowakije kamen no ek Tsjechje en Slowakije mei in eigen ploeg en debutearren de lannen. Harren debút makke ek Amerikaansk-Samoa, Bosnje-Hersegovina, Israel, Trinidad en Tobago. Fidzjy en Portegal makken harren rentree. Nei de ynternasjonale boykot wie Súd-Afrika wer wolkom.