Jamaika

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jamaica
Flagge fan Jamaika Wapen fan Jamaika
Flagge Wapen
Lokaasje fan Jamaika
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Kingston
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
10.991 km²
1,5­%
Ynwenners (2004) 2.700.000
Munt Jamaikaanske dollar (JMD)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 1e moandei fan augustus
Lânkoade JMC
Ynternet .jm
Tillefoan 876

Jamaika is in eilânsteat yn Midden-Amearika en leit yn de Karibyske See. De haadstêd is Kingston.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lizzing[bewurkje seksje | edit source]

Jamaika wurdt begrinzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | edit source]

De pitoristyske Dunn's River Falls.

It eilân Jamaika rint oer in lingte fan 235 km yn east-westlike rjochting. Yn it easten dominearje de fulkanyske "Blue Mountains" dêr't de westlike útrinners ticht beboske fan binne en trochsnien mei net tagonklike kleauwen. It gloaiende, troch karst oantaaste heechlân rint meastentiids steil ôf nei de kust.

De grutte stêden fan it lân, û.o. de haadstêd Kingston, Portmore, Spanish Town, Mandeville, Ocho Ríos, Port Antonio, Negril, en Montego Bay lizze oan de kust. Kingston Harbour is ien fan de grutste natuerlike havens yn de wrâld. Oer it eilân ferspraat binne ferskate toeristyske attraksjes, te witten: Dunn's River Falls yn St. Ann, YS Falls yn St. Elizabeth, de Blue Lagoon yn Portland, en Port Royal. De moaie kusten lûke in protte badgasten.

It klimaat op Jamaika is tropysk mei meastentiids hjit en fochtich waar. Jamaika leit yn de orkaansône fan de Atlantyske Oseaan, mei as gefolch dat it eilân betiden te krijen hat mei swiere stoarmskea. De Orkanen "Charlie" en "Gilbert" rekke it eilân yn 1951 en 1988, en feroarsake grutte skea mei protte slachtoffers. Yn it begjin fan de 21e ieu hawwe de orkanen "Ivan", "Dean", en "Gustav" allyksa Jaimaka in protte ûngemak brocht.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard bewenne troch Yndianestammen doe't de Spanjerts it yn 1494 ûntdutsen. Hja roegen de oarspronklike befolking út neidat bliken die dat sy net geskikt wienen foar it bewurkjen fan it lân. Ferfolgjens waarden út Afrika negers ynfierd as slaven. De Britten feroveren Jamaika op de Spanjerts yn 1655 en makken der in kroankoloanje fan. Sûnt 1962 is op it eilân in ûnôfhinklike demokrasy fêstige yn it Britske Mienebest mei in dûbelkeamerparlemint.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De befolking fan Jamaika bestiet foar it grutste part út ôfstammelingen fan negerslaven út Afrika en minsken fan mingde komôf.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De offisjele taal is it Ingelsk. De mearderheid fan de befolking sprekt lykwols Jamaikaansk Patois, in Kreoolske taal. Het Patois is ûntstean trochdat minsken ôfkomstich út ferskillende parten fan de wrâld mei útien rinnende talen mei elkoar kommuniseare moasten. Simpel Ingelks foarmet de grûnslag.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Om-ende-by 65,% fan de Jamaikaanske befolking is kristlik. De grutste part hjirfan heart ta de Anglikaanske tsjerk. Dêrneist hat it eilân in ûntelber oantal protestantke tsjerkemienskippen en evangelyske bewegingen. It leauwen wurdt op Jamaika op in tige yntinse wize, mar yn it deistige libben meastentiids bysûnder frijsinnige, wize belibbe. De grutste net-kristlike religy is de rastafarybeweging.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Jamaica en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.