Puerto Riko

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Estado Libre Asociado de Puerto Rico
Commonwealth of Puerto Rico
Flagge fan Puerto Rico Wapen fan Puerto Rico
Flagge Wapen
Lokaasje fan Puerto Rico
Offisjele taal Spaansk
Ingelsk
Haadstêd San Juan
Steatsfoarm Frijsteat
Gebiet
% wetter
48.730 km²
1,6­%
Ynwenners (2010) 3.977.663
Munt US Dollar
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 04 july
Lânkoade PRI
Ynternet .pr
Tillefoan 1-787 & 1-939

Puerto Riko of Porto Riko is in mei de Feriene Steaten assosiearre frijsteat yn it eastlike diel fan de Karibyske See. It makket diel út fan de Grutte Antillen, en leit eastlik fan de Dominikaanske Republyk, en westlik fan de Fammeeilannen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It eilân waard op 19 novimber 1493 ûntdutsen troch Kolumbus op syn twadde reis nei it westen. Yn de rin fan inkele desennia waard de oarspronklike befolking, de Taino's, in stam fan de Arowakken-yndianen útroege en ferfongen troch út Afrika ymportearre negerslaven.

De yn de twadde helte fan de 19e ieu opkommende ûnôfhinklikheidsbeweging twong by Spaanske memmelân in grut diel selsstannigens ôf. Yn 1898 waard it eilân troch de Feriene Steaten yn besit nomd, dêr't it yn 1917 de status fan Amerikaansk grûngebiet fan krige. De tafloed fan Amerikaansk kapitaal nei it lân kaam lykwols net ta goede fan de earme befolking. Yn 1956 krige Puerto Riko har tsjintwurdige status.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Yn july 2010 wennen der 3.977.663 minsken op it eilân. De offisjele talen op it eilân binne Spaansk en Ingelsk. De grutste religy op it eilân is it Roomsk-katolisisme (85%), Protestanten en oare groepen foarmje mei-inoar sa'n 15% fan de eilânbefolking.

De befolkingsgearstalling lit him sa ferdiele (sifers 2007):

  • Wyt (fan Spaanske komôf) 76,2%
  • Swart is 6,9%
  • Asiatysk 0,3%
  • Indianefolk 0,2%
  • Mjuks 4,4%
  • Oar 12%

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]