Arowakken

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arowakken op in litografy
Arowakken delsetting

De Arowakken of Arawakken binne in Yndiaansk folk dy't eartiids op de ein fan de 15e ieu op de Antillen, yn de Amazonebekken, yn Florida, en oan de foet fan de Andes wennen. De talen dy't sy sprutsen heare ta de Arawaktalen taalfamylje.

De bekendste kloft wienen de Taíno, dy't op Hispaniola, Puerto Riko, en de eastlike útein fan Kuba libben (of libje, as we de Arowakken dy't harren tsjintwurdich de Taino neame, meitelle). De Arowakken dy't op de Bahama's libben waarden de Lukayan neamd.

[bewurkje seksje] Suriname

Likernôch fiiftûzend jier lyn lutsen Arowakken dy't lâns de Orinoko libben (Barrankos-kultuer) fan it westen út de Guyana's binnen, en ferdreaun de oarspronklike Yndiaanske befolking fan de kuststreek nei de savanne. Sy gongen op in soartemint terpen by de kust lâns wenje, en libben fan lânbou. Om-ende-by 1100 foelen de Kariben it gebiet binnen en kaam in ein oan de terpenkultuer fan de Arowakken. Sûnt dy tiid libben sy fan stikjes kostgrûn mear yn it binnenlân.

Yn Suriname wennen oan de ein fan 18e ieu sa'n sântichtûzen Arowakken. Tsjintwurdich libje der yn Suriname noch mar trije tûzen, en yn Nederlân om-ende-by 500. De Arowakken, dy't eartiids mei de Kariben de oarspronklike befolking fan Suriname foarme, binne yn distiid de lytste befolkingskloft yn Suriname. Sy sels nimmen harren Lokono of Lokonon.

Yn 1986 rjochte de út Kasipora ôfkomstige Arowak Albert Sabajo de Sosjaal Kulturele Ferieniging Ikyoshie (ljochtpuntsje) op. Yn 1989 waard in Arowaks-Nederlânsk taalboek útjûn, yn gearwurking mei de Universiteit fan Amsterdam.

[bewurkje seksje] Keppeling omt utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen