Pennsylvania

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Commonwealth of Pennsylvania
Vlag van Pennsylvania Gjin wapen
Map of USA highlighting Pennsylvania.png
Ofkoarting PA
Haadstêd Harrisburg
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 119.283
Befolking 12.406.292
Oare ynformaasje
Tatreden 12 desimber 1787
Oantal countys 67


Pennsylvania is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd Harrisburg, de grutste stêd is Philadelphia.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste Jeropeanen dy't harren yn it gebiet fêstigen wienen Sweden en Nederlanners dy't yn 1638 de koloanje Nij-Sweden stiften. Op 4 maart 1681 joech de Britske kening Karel II it wei oan William Penn, dy't der in koloanje foar Kwakers stifte. De namme hâldt yn "lân fan de wâlden fan Penn" (silva is Latyn foar "wâld").

Eartiids wie Pennsylvania grutter: tidens de opstân tsjin de Britske oerhearsking (sjoch Amerikaanske Revolúsje) spjalte it tsjintwurdige Delaware him ôf. Op 12 desimber 1787, waard Pennsylvania de 2e steat fan de Feriene Steaten.

Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny. De Slach by Gettysburch dy't him yn Pennsylvania ôfspile wie in beslissend momint yn dat konflikt.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Pennsylvania is 119.283 km² grut en leit yn de Easterske-tiidsône. It grinzet yn it noarden oan de steat New York en oan de Eriemar, dêr't oan de oerside Kanada leit, yn it westen oan Ohio, yn it súdwesten oan West Firginia, yn it suden oan Marylân en yn it súdeasten oan Delaware en Nij Jersey.

De midden fan de steat wurdt dominearre troch de Appalachen; it westen en easten binne flakker. It heechste punt fan de steat is de pyk fan Mount Davis (979 meter).

De wichtichste rivieren binne de Delaware, de Ohio, de Susquehanna, de Allegheny en de Monongahela.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | edit source]

Pennsylvania is ek ferneamd troch de Amish dy't dêr libje. De bynamme fan Pennsylvania is Key stone state fanwege de aparte lânsfoarm. In keystone is in stien dy't brûkt wurdt as boppeste stien yn in bôge boppe in doar of rút.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Offisjele webstee fan de steat

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia