Lânbou

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Lânbou ek wol agrikultuer neamd, hâldt yn de produksje fan fiedsel troch de ferbouw fan planten en it hoedzje fan bisten. Lânbou is de praktyk, lânboukunde is de stúdzje dy't de lânbou as ûnderwerp hat.

Njonken iten produsearret de lânbou ek saken as sierplanten, bûnt, lear, biodiesel, tried, medisinen en drugs.

Skiedis[bewurkje seksje | edit source]

In sikkel

Eartiids libbe de minsk as jager-samler. Hja wienen nomaden dy't gjin fêste wenplek hienen en rûnloeken op seek nei fiedsel en drinken foar har deiliks bestean. Sy makken jacht op dieren en sochten tuskentroch nei wylde planten om te iten.

Neffens de histoarisy fûn tusken 7000 en 10.000 jier lyn in omslach plak, dat ek wol de agrikulturele revolúsje of neolityske revolúsje neamd wurdt. Yn it Midden-Easten en yn Sina wienen der doedestiids minsken dy't har festigen gongen op fêste plakken. Sy setten útein mei it hoedzje fan fee en it telen fan planten. De agrikulturele revolusje markearret de oergong fan de Alde Stientiid of Paleolitikum nei de Nije Stientiid of Neolitikum. Dizze oergong fan jagen-samlen nei lânbou is hiel stadich ferrûn. De minsken ferbouden ynearsten wylde weet en oare gerzen. Dat wie geunstich foar it waaksen fan de befolking omdat fiedseloerskotten opslaggen wurde koe foar mindere tiden. Tagelyk trad seleksje op trochdat sieden beware waarden foar de nije útsaai, wat it begjin wie fan de plantenferealing. Nei alle gedachten hat de lânbou har op net minder dan trije ferskate gebieten ûntwikkele, te witten: yn de Fruchtbere Sikkel lizzend yn it Midden-Easten, yn Midden-Amerika en yn East-Aazje.

De alderearste boeren bewurkten de grûn mei bonken en geweien fan dieren, en mei primitieve sikkels met in hanfat fan hout of bien en in blêd fan fjoerstien. Letter waard de houweel útfûn, in soart swiere skoffel. Dat ark wurdt tsjintwurdich noch hieltyd brûkt.

Yn Jeropa waarden ynearsten foaral hak- en brântechniken brûkt om lânbougrûn te krijen fan bosk. Lykwols wie de grûn gau útput en moasten de boeren in oantal jierren foartlûke. Hja hienen dêrtroch in semy-nomadyske libbenswize.

Sûnt de Midsieuwen kamen nije techniken yn swang. De grutte ynisjator hjirfan wie Karel de Grutte dy't it trijeslachstelsel ynfierde en letter it fjouwerslachstelsel.

Yn de 19e ieu waard soe stadichoan minskkrêft ynruild wurde troch machines, earst troch de machine op stoom dy't letter plak makke soe foar krêftige, avansearde machines mei in dieselmotor, lykas in traktor of in maaidorser.