Neolityske revolúsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fersprieding fan Neolityske kultuer nei Jeropa

De neolitiske revolúsje [1]. is de oergong fan de jager-samlers maatskippij nei in agraryske maatskippij dy't plakfûn yn it tiidrek dat bekend stiet as it Neolitikum. Foar dy revolúsje libben de minske allinnich fan de jacht, fisfangst en it sammeljen fan fiedsel, nei dy tiid foar it meastepart fan de lânbou en feefokkerij.

It neolitikum wie it tiidrek fan rûchwei 50.000 oant 10.000 f. Kr. It wichtichste skaaimerk fan dat tiidrek is de oergong fan de minske fan in nomadyske jager-samelers kultuer nei in agraryske (boeren en hoeders). Dy ûntwikkeling fûn tagelyk plak op ferskatte plakken op de wrâld û.o. yn de "Fruchtbere Sikkel", de Indusdelling, Anatoolje en it tsjintwurdige Perû. Yn it wyld waaksende nôt (weet, koarn) en mais wurde kultiveare en bisten, lykas skiep, geiten, bargen, hynders wurde domestisearre.

In oar wichtich aspekt fan de oergong wie dat in ein kaam oan it rûnloekende bestean fan de minske en sy har yn delsettingen fêstigen. Letter bouden kloften famyljes wâlen fan ierde of stienen om harren doarpen en op dy wize ûnstiene stadichoan stêden. De stêd Jerigo (ûnstien tusken 8000 en 6000 f.kr.) wurdt beskôge as de foarrinner fan de stêdlike kultuer.

Tsjintwurdich wurdt troch guon histoarisy net langer mear praat oer in Neolityske revolúsje mar fan in Neolityske evolúsje [2]. omdat it proses tûzenen jierren duorre hat. Lykwols is de oantsjutting fêst ynboargere, dat beide betsjuttings wurde trochinoar brûkt, likegoed troch histoarisy en argeologen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • L.P. Louwe Kooijmans, De nieuwe steentijd. De eerste boeren in het Land van Maas en Waal, yn Gids bij de tentoonstelling "Graven naar Bataven?", Leien, 1973, siden 5-9.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De term neolitiske revolúsje is fan Australyske argeolooch Vere Gordon Childe: V.G. Childe, The Dawn of European Civilization, Londen, 1925, Ibid., The Danube in Prehistory, Oxford, 1929, Ibid., Man Makes Himself, Londen, 1936, sd. 74-117.
  2. R.S. Mac Neish, The Origins of New World Civilization, in Scientific American 211 (1964), s. 37: think more in terms of Neolithic "evolution" than "revolution"