Latyn
Ut Wikipedy
It Latyn wie de taal fan de Romeinen en wie om de jiertelling hinne de wichtichste taal yn it Middellânske-Seegebiet. Trochdat Latyn de taal fan de tsjerke woarn waard, en de mûntsen yn de Midsieuwen de wichtichste wittenskippers wienen, waard it Latyn ek ta de taal fan de wittenskip.
Dy rol is in stik tebekrûn nei't de universiteiten oergongen op de lânstaal, mar ek no noch wurdt Latyn yn ferskate lannen noch as skoallefak ûnderwiisd, lykas bygelyks yn Nederlân op de middelbere skoalle. De taal wurdt ûnder oaren ek noch brûkt by it takennen fan nammen foar planten en bisten.
[bewurkje seksje] Skiednis fan de taal
De âldste Latynske tekst datearret nei gedachten út de 7e ieu of 6e ieu f.Kr. Yn dizze iere tiid waard Rome sterk beynfloede troch de Etrusken, it oanbuorjende folk dat in grut gebiet bewenne benoarden Latium. De Romeinske religy en boukeunst bygelyks binne hiel bot inte op Etruskyske foarbylden. Ek it klassike Latynske alfabet is basearre op it Etruskyske alfabet (dat op har beurt wer fan it Grykske alfabet ôflaat wie). Wat de taal sels oangiet hat it Etruskysk net folle ynfloed hân op it Latyn, útsein inkele lienwurden, dêr't persona (masker) it bekendste fan is: it wurd dêr't it Fryske persoan wer fan ôflaat is.
Yn de rin fan de 2e ieu f.Kr. waard it Latyn stadichoan de literêre taal sa as wy dy tsjintwurdich kinne; de taal waard normaliseare, krige in konservative ynslach en yn de sinbou waard systematysker. De ôfstân ta de omgongstaal, dy't folkslatyn of fulgêr Latyn neamd wurdt, naam dêrtroch hiel bot ta. Benammen Sisero en Caesar hawwe yn de 1e ieu f.Kr. de toan set foar it klassike Latyn.