Julius Caesar
Ut Wikipedy
Gaius Julius Caesar, (berne: 13 july 100 f.Kr. yn it stêdsdiel Subara yn Rome, stoarn: 15 maart 44 f.Kr. yn Rome) wie in Roomsk militêr en steatsman dy't syn spoaren fertsjinne hat mei it stiftsjen fan it Romeinske Ryk. Ornaris wurdt er Julius Caesar neamd. Oare nammen binne Julius, Gaius Julius, Gaius Caesar en Divus Julius. Syn namme ferwiist werom nei it wurd keizer en de moanne july. Mei stipe fan de rike Marcus Licinius Crassus en de súksesfolle militêr Gnaeus Pompeius Magnus slagge it him yn 59 f.Kr. om yn it konsulaat te kommen. Yn de neikommende jierren ferovere er as Prokonsul fan Súd-Galje de rest fan Galje oant de Ryn ta. De Romeinske Boargerkriich (49–45 f.Kr.) late ta it diktatorskip fan Julius Caesar. De Senaat koe it net rjocht lykfine mei it diktatorskip fan Julius Caesar en woe leaver de Romeinske Republyk werom. Op 15 maart 44 f.Kr. wurdt Julius Caesar troch leden fan de Senaat deadien. Nei de dea fan Julius Caesar wie de befolking fan Rome dûm omdat se harren lieder krekt ferearden. Nei in soad reboelje yn it Romeinske Ryk waard Caesars neef en adoptearre soan Augustus Oktavianus yn 27 f. Kr. de earste keizer fan it Romeinske Ryk.

