Fatikaanstêd
Ut Wikipedy
|
|||||
![]() |
|||||
| Offisjele taal | Latynsk Italjaansk |
||||
| Haadstêd | Fatikaanstêd | ||||
| Steatsfoarm | Teokrasy | ||||
| Gebiet % wetter |
0,44 km² -% |
||||
| Ynwenners (2004) | 921 | ||||
| Munt | Euro (EUR) | ||||
| Tiidsône | UTC +1 | ||||
| Nasjonale feestdei | - | ||||
| Lânkoade | VAT | ||||
| Ynternet | .va | ||||
| Tillefoan | 379 | ||||
Fatikaanstêd (Italjaansk: Città del Vaticano) is it lytste ûnôfhinkelike lân yn de wrâld en foarmet it territoarium fan de Hillige Sit. Der wenje likernôch 900 minsken op in gebiet fan 0,44 km², mar der komme deis tûzenen toeristen. Fatikaanstêd sels wurdt hielendal omsletten troch de stêd Rome; ta it grûngebiet fan de steat hearre fierder inkele plakken yn Rome en it simmerferbliuw fan de paus yn Castel Gandolfo.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Nei it Romeinske Ryk kaam yn en om de stêd Rome de Pauslike Steaten op. Yn 1797 besetten de Frânsen it noardlike part fan de Pauslike Steaten, in jier dêrnei wie de Pauslike Steat hielendal beset. Yn 1800 krige it syn ûnôfhinklikens werom, mar waard yn 1808 op 'e nij troch de Frânsen beset. Yn 1815 waard by it Kongres fan Wenen besletten dat de Pauslike Steaten syn gebiet fan 1797 weromkrije soe. Lykas yn oare lannen kaam it yn de Pauslike Steaten yn 1849 ek ta in revolúsje, wêrby't de Roomske Republyk útroppen waard. Mei help fan Frankryk en Spanje krige de Pauslike Steaten noch yn datselde jier syn macht werom. Yn 1866 waard twa tredde part fan de Pauslike Steaten ferovere troch it yn 1861 oprjochte keninkryk Itaalje, mar mei help fan Frankryk koe de paus Latium hâlde. Doe't de Frânsen har yn 1870 weromlutsen fanwege kriich mei Prusen, waard ek Latium troch it keninkryk Itaalje beset. De Pauslike Steaten mocht net langer mear bestean, mar de Hillige Sit mocht bliuwe en syn diplomatike saken ûnderhâlde. Sechtich jier lang wie de paus finzen yn it Fatikaan. Yn 1929 waard der in ferdrach tekene troch de paus en Mussolini. Neffens it ferdrach mocht de paus it lytse stik lân as ûnôfhinklike steat hâlde.
[bewurkje seksje] Befolking
Mear as de helte fan de likernôch 900 ynwenners fan it Fatikaan ha de Fatikaanske nasjonaliteit. Yn it Fatikaan libje de paus, syn kardinalen en prelaten en de Switserske Garde. Sa'n 3.000 meiwurkers fan it Fatikaan libje net yn Fatikaanstêd.
It Latyn is de taal foar offisjele dokuminten fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. It Italjaansk wurdt meast brûkt as de wetjouwende taal en kommunikaasjetaal mei minsken en ynstânsjes bûten it Fatikaan. By de Switserske Garde is it Dútsk de kommandotaal, mar de soldaten kinne neist it Dútsk trou swarre yn it Retoromaansk, Frânsk en Italjaansk.
[bewurkje seksje] Bouwurken
Nijsgjirrige bouwurken binne de Sint Pitertsjerke, de Sikstynske Kapel en it Fatikaansk Museum. Lofts foar it Sint Piterplein rint in trep nei de Friezentsjerke.
[bewurkje seksje] Feiligens
In lân hat yn plysjetsjinst besteande út Switsers, de Switserske Garde, dy in oerbliuwsel is fan it oarspronklike leger fan de Paus. Nei't sein wurdt, is it tradisjonele unifoarm fan de garde ûntwurpen troch Michelangelo.
[bewurkje seksje] Ferkear
It Fatikaan hat sûnt 1933 in eigen treinstasjon en 200 meter spoar. Foar persoansferfier waard it stasjon lykwols twaris brûkt, yn 1979 (nei it earstkommende stasjon yn Rome) en yn 2002 (nei Assisi) troch Johannes Paulus II. Sûnt 2003 sit der in lytse winkel yn it stasjon. Fierders wurdt de trein allinnich mar foar guod brûkt. Oer it spoar stiet op de grins tusken it Fatikaan en Rome in grutte poarte. Yn it Fatikaan is in helikopterlâningsplak (Portus Helicopterorum op syn Latysnk). Der binne likernôch 50 strjitten yn it Fatikaan, wêrfan de Via del Pellegrino en de Via di Belvedere de grutste diken binne. Stopljochten ha se dêr net.
