Switserlân
|
|||||
| Offisjele taal | Dútsk, Frânsk, Italjaansk, Retoromaansk | ||||
| Haadstêd | Bern | ||||
| Steatsfoarm | Republyk | ||||
| Gebiet % wetter |
41.285 km² 4,2% |
||||
| Ynwenners (2006) | 7.507.300 | ||||
| Munt | Switserske frank (CHF) | ||||
| Tiidsône | UTC +1 | ||||
| Nasjonale feestdei | 1 augustus | ||||
| Lânkoade | CHE | ||||
| Ynternet | .ch | ||||
| Tillefoan | 41 | ||||
Switserlân is in lân yn it Midden-Jeropa. De haadstêd is Bern en de presidint fan de republyk is sûnt 2006 Moritz Leuenberger.
Ynhâld |
Geografy [bewurkje seksje]
Lizzing [bewurkje seksje]
Switserlân wurdt begrinzge troch:
- Dútslân yn it noarden;
- Lychtenstein en Eastenryk yn it easten;
- Itaalje yn it suden;
- Frankryk yn it westen.
Lânskip [bewurkje seksje]
Switserlân is by útstek in Alpenlân. De heechste bergen lizze yn it suden en easten fan it lân. Yn it noardwesten leit de Jura. It noarden en it midden fan it lân is minder bercheftich en dêrtroch ek it tichst befolke.
De grutste marren fan it lân binne: de Bodenmar en de Mar fan Genêve. De wichtichste rivieren binne de Ryn mei syn sydrivier de Aare, en fierders de Rône en de Inn, dy't alle trije yn Switserlân ûntspringen. Yn Switserlân befynt him de wetterskieding tusken de Noardsee, de Swarte See, de Adriatyske See en de Middellânske See.
De haadstêd is Bern. Oare wichtige stêden binne ûnder oaren Surich (de grutste stêd), Genêve, Bazel en Lausanne.
Klimaat [bewurkje seksje]
Der is in grut ferskaat oan klimaten yn Switserlân, fan in poalklimaat yn it heechberchtme oant en mei in mediterraansk klimaat yn Tisino. Lykwols giet it klimaat yn it generaal oer fan in lânklimaat nei seeklimaat en hearket yn de hegere dielen fan de Alpen in heechberchtmeklimaat.
Skiednis [bewurkje seksje]
Switserlân is ûntstien op 1 augustus 1291, doe't de oerkantons - Uri, Schwyz en Unterwalden - fan it Hillige Roomske Ryk in konfederaasje stiften om harren ûnôfhinklikens tsjinoer de Habsburgske foarsten te bewarjen.
Har selsstannigens waard pas erkend by de Frede fan Westfalen yn 1648, dy't ek in ein makke oan de Tachtichjierrige Oarloch en de Tritichjierrige Oarloch.
Nei ferrin fan tiid sleaten ek oare kantons har oan by de Switserske federaasje.
Yn 1848 waard nei in lytse godstsjinstkriich (de lêste fan de yn totaal fiif godstsjienstkrigen) tusken katoliken en protestanten de steat foarfêst omfoarme ta in steatebûn.
Tidens de beide wrâldkrigen hâlde it lân har ôfsidich.
Demografy [bewurkje seksje]
Befolking [bewurkje seksje]
Ein 2003 wennen yn Switserlân 7.507.300 minsken. In grut part dêrfan (20%) komt oarspronklik út it bûtenlân. De grutste stêden binne Basel (168.000 ynwenners), Bern (122.420 ynw.), Genêve (178.600 ynw.) en Zürich (350.130 ynw.).
| Kengetallen per ein 2006[1] en ein 2005 [2] | |
|---|---|
| Befolking | 7.507.300 |
| Ferdieling man/frou | 49,0% man |
| Bûtenlanners | 20,7% |
| Libbensferwachting manlju | 78,7 jaar |
| Libbensferwachting froulju | 83,9 jaar |
| Tal bern per frou | 1,42 |
| Tal echtskiedings per 100 houliken | 53,1 |
Taal [bewurkje seksje]
Yn Switserlân wurde troch de befolking meardere talen sprutsen. De nasjonale en offisjele talen fan Switserlân binne:
- it Dútsk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 63,7 persint fan de befolking [3]
- it Frânsk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 20,4% fan de befolking
- it Italjaansk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 6,5% fan de befolking
- it Reto-Romaansk dat as haadtaal sprutsen wurdt troch 0,5% fan de befolking
Omdat in grut part fan de befolking ôfkomstich is fan it bûtenlân hat om-ende-by 9,0% fan de Switserske befolking noch in oare taal as earste taal. Dêrfan is it Servokroatysk wol de wichtichste mei 1,4% sprekkers, folge troch Albaneesk, Portugeesk, Spaansk, Ingelsk, Turksk, Tamil, Arabysk en Nederlânsk.
It Dútsk dat troch de Dútsktalige Switsers sprutsen wurdt is Switserdútsk, dat op in soad punten ôfwykt fan it Heechdútsk en mar dat ek grutte ferskillen kent tusken de ferskate stêden en doarpen ûnderling. It Switserske Frânsk is ek op guon punten ôfwikend fan it offisjele Frânsk. It Reto-Romaansk wurdt allinnich sprutsen yn in part fan it kanton Graubünden.
Yn de ferskate lânstalen wurdt Switserlân: Schweiz (Dútsk), Suisse (Frânsk), Svizzera (Italjaansk) en Svizra (Reto-Romaansk) neamd.
Ekonomy [bewurkje seksje]
BYP per persoan is $40.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1,5% lânbou, 34% yndustry en 64,5% tsjinsten.
Transport [bewurkje seksje]
Wichtichste haven is Basel. Der binne 65 fleanfjilden yn Switserlân. De grutste fleanfjilden binne Surich (Flughafen Zürich) en Genêve (Aéroport International de Genève).
Switserlân hat (2006):
71.298 km ferhurde dyk.
4.839 km spoardyk.
65 km farwetter.
Fuotnoaten [bewurkje seksje]
- ↑ Statistik des jährlichen Bevölkerungsstandes (ESPOP) und der natürlichen Bevölkerungsbewegung (BEVNAT) 2006
- ↑ Bevölkerung - Die wichtigsten Zahlen
- ↑ eidgenössische Volkszählung 2000 - Sprachenlandschaft in der Schweiz