Sky

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In alpine sky
In mono sitsky
In bi-unique sitsky

In sky is in lange latte om oer de snie foarútkomme te kinnen. Skys komme oarspronklik út Skandinaavje dêr’t de minsken dy brûkten om harren better ferpleatse te kinnen oer de snie dy’t op it lân lei. It wurd sky komt fan it âld-Noarske Skiða, dat 'rjochte planke' betsjut. De foarm en útfiering fan de sky is ôfhinklik fan de foarm fan skyen dêr't dy foar brûkt wurdt.

Alpine sky[bewurkje seksje | edit source]

De Alpine sky is in sky dêr't de skoech alhiel by oan de sky festset wurd. Dizze skys binne tarieden mei stielen ranen dy’t soargje foar in goeie fet op de snie. De foarmjouwing fan dizze skys ferskille fierder foar de ferskate foarmen fan it Alpine skyen.

Noardske skys[bewurkje seksje | edit source]

De sky foar it Noardsk skyen is in sky dêr’t de foet allinne mei de noas by fêst sit oan de sky. Der binne ferskate Noardske skys, De lingte fan de sky hinget ôf fan de lingte fan de brûker fan de sky en de dissipline dy’t beöefene wurdt.

  • De skyrin-sky foar de klassike styl is in sky dy’t yn it midden in bytsje bôgen is. Foar de sport is de breedte sa’n fjouwer oant fiif sintimeter. Dat jout net folle draachflak, mar foar de hurde sportloypes is dat genôch. Foar skirinnen as rekreaasje binne de skis krekt wat breder, en foar skyen dêr't gjin paden as spoaren binne, noch wat breder.
  • De skyrin-sky foar de frije styl is wat koarter as de sky foar de klassike styl. Dizze sky is ek wat flakker as de sky foar de klassike styl.
  • De skânsspring sky foar it skânsspringen kin allinne brûkt wurde foar it skânsspringen. En is sa’n 11,5 sintimeter breed en dizze sky mei ôfhinklik fan de lingte fan de springer wol 2,75 sintimeter lang wêze.

Sitsky[bewurkje seksje | edit source]

De sitsky is in sky dy’t oarspronklik bedoelt wie foar minsken mei in beheining. Der binne ferskate soarten sitskys; hokker soarte der brûkt wurde kin, hinget ôf fan de beheinings en hokker sport dien wurdt.

  • Mono-sitsky: De mono-sitsky is in sitsje mei dêr in fearend frame ûnder dêr’t in alpine sky oan montearre wurde kin. De sky sit op deselde wize oan it frame fêst as dat in alpine sky oan en skoech fêst sit. Foar it lykwicht makket in skyer op in mono-sitsky gebrûk fan krukskys; dat binne koarte krukken dêr’t koarte skys oan fêst sitte. Dizze sitsky wurdt brûkt foar it alpineskyen.
  • Bi-unique sitsky: De bi-unique sitsky is in sitsje mei dêr in net-fearjend frame ûnder, dêr’t twa alpine skys oan montearre wurde kinne. Dizze skys sitte op deselde wize oan it frame fêst as dat in alpinesky oan en skoech. Efter op de bi-unique sitsky kin as it nedich is in bûgel set wurde dêr’t in begelieder de sky mei beherskje kin. Fierders makket de skyer op in bi-unique sitsky ek gebrûk fan de krukskys foar it lykwicht. Ek dizze sitsky wurdt brûkt foar it alpineskyen.
  • Skyrin-sitsky: De skyrin-sitsky is in sitsky dy't it measte liket op de hjoeddeiske prikslide, allinne sitte der ûnder de skyrin-sitsky net twa izers fan rêdens mar twa skyrinskys. Om foarút te kommen brûke de skyer skyrinstokken. De skyrin-sitsky wurdt brûkt foar it skyrinnen.

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]