Lychtenstein

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fürstentum Liechtenstein
Flagge fan Lychtenstein Wapen fan Lychtenstein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lychtenstein
Offisjele taal Dútsk
Haadstêd Vaduz
Steatsfoarm Foarstedom
Gebiet
% wetter
160 km²
-­%
Ynwenners (2004) 32.528
Munt Switserske frank (CHF)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 15 augustus
Lânkoade LIE
Ynternet .li
Tillefoan 423

Lychtenstein is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Vaduz en de prins fân it foarstedom is sûnt 1989 Hans-Adam II.

Lychtenstein wurdt begrinzge troch:

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1699 kocht de Boheemske foarst Johan Adam Andreas fan Lychtenstein de hearlikheid Skellenberch en yn 1712 it greefskip Vaduz fan de grêven fan Hohenems. Op 23 jannewaris 1719 feriene keizer Karel VI de hearlikheden Vaduz en Skellingberch ta ien foarstendom, ûnder de namme Lychtenstein. Dat nije foarstedom krige yn 1723 ek in sit en in stim yn de Ryksdei fan it Hillige Roomske Ryk.

Op 12 july 1806 wie Lychtenstein ien fan de ûndertekeners fan de Rynbûnakte, dêrtroch waard it foarstedom soeverein fan it Hillige Roomske Ryk.

Op it kongres fan Wenen waard yn 1815 fêststeld dat it foarstendom diel útmeitsjen gie fan it Dútske Bûn. Dizze situaasje bleau yn stân oant de opheffing fan it Dútske Bûn yn 1866.

Oant-en-mei de ein fan de Earste Wrâldkriich ûnderhold it lân nauwe bannen mei Eastenryk, mar de ekonomyske malêze dy't folge op dy kriich, twong Lychtenstein ta it oangean fan in dûane- en monetêre uny mei Switserlân. Fan de Twadde Wrâldkriich ôf, dêr't Lychtenstein ûnder foarst Frans Jozef II yn neutraal bleau, hawwe de lege belêstingen it lân grutte ekonomyske groei brocht.

Lychtenstein wie it earste lân op de wrâld dat de deastraf ôfskafte, yn 1798 soe foar it lêst ien ta de dea brocht wurde.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Lychtenstein leit yn it Ryndal yn de Alpen en is rûchwei 24 kilometer lang. Mei in oerflakte fan 160,475 km² is Lychtenstein ien fan de lytste lannen op ierde. De grinzen mei Eastenryk en Switserlân binne tegearre 77,9 kilometer lang.

Yn it westen foarmet de Ryn foar it grutste part de grins mei Switserlân. It eastlike part leit heger as it westlik part. De Grauspitz is mei 2599 meter hichte it heechste punt fan it lân.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Ek al leit it lân yn de Alpen, it klimaat is frij myld as gefolch fan de sudenwyn. De berchhellings jouwe yn de winter alle gelegenheid om ferskillende wintersporten te beöefenjen.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Likernôch in tredde fan alle ynwenners fan Lychtenstein bestiet út bûtenlanners dy't benammen ôfkomstich binne út Dútslân, Eastenryk en Switserlân.

De offisjele lânstaal is it Dútsk, it meastepart fan de befolking sprekt lykwols in Allemannysk dialekt.

Religy[bewurkje seksje | edit source]

Om-ende-by 80% fan de befolking is Roomsk-Katolyk, 7% is Protestants.