Basel
Ut Wikipedy
Basel is in stêd yn it noardwesten fan Switserlân, oan de oere fan de Ryn. Nei Zürich en Genêve is Basel de tredgrutste stêd fan Switserlân mei sa likernôch 168.000 ynwenners (jannewaris 2009). De stêd hat in grutte gemyske en farmaseutyske yndustry. Basel grinzet oan Dútslân en Frankryk.
[bewurkje seksje] Skiednis
- 374 - Earste bewyske fan it bestean fan de delsetting Basilea.
- 740 - Basel wurdt in biskopsstêd, wêrtroch de stêd yn 'e rin fan de tiid machtiger wurdt.
- 1417 - Grutte stêdsbrân.
- 1460 - Stiftingsjier universiteit.
- 1499 - Frede fan Basel
- 1501 - Basel komt by de Swiserske konfederaasje mei as namme 'kanton Basel'.
- 1547 - Johannes Acronius Frisius giet nei Basel as professor yn de wiskunde. Hy bliuwt der oant syn dea.
- 1833 - Bestjoerlike skieding tusken Basel-Stêd en Basel-Lân. Dêrnei binne beide bestjoerlike ienheden 'healkanton' yn Switsrlân.
- 1869 - Friedrich Nietzsche wurdt heechlearaar yn Basel.
- 15 juny 1954 - De UEFA wurdt oprjochte yn de stêd.
[bewurkje seksje] Panorama
Panorama fan de stêd mei Ryn op 'e foargrûn.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Hiemside fan de stêd Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk
- Toerismeside Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk, Italjaansk, Spaansk, ensfh.
- Musea yn Basel Dútsk, Frânsk, Ingelsk