Ingelân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ingelân

Ingelân is it súdlikste en grutste part fan Grut-Brittanje. Oant de stifting fan it Feriene Keninkryk yn 1707 wie Ingelân in selstannich keninkryk. Ynternasjonaal wurdt Ingelân net mear as in apart lân beskôge, útsein by in pear sporten dy't yn Ingelân úntstean binne, lykas fuotbal en rugby.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ingelân is ferneamd nei de Angelen, in Germaanske stam dy't nei it fertrek fan de Romeinen fanút it Jeropeeske fêstelân it eilân koloanisearden. Mei Saksen, Juten en Friezen stutsen sy oer mei skippen fanút it tsjintwurdige Noard-Dútslân, Noard-Nederlân en West-Denemarken. De Frânske beneaming Angleterre (Lân fan de Angelen) tsjûgget noch hieltyd hjiroan. Tegearre mei de oarspronklike Keltyske bewenners foarmje dizze folkeferfarders de foarheiten fan it lân (Grut-Brittanje), dat wrâldwiid in enoarme ekonomyske, linguïstyske, geografyske en demografyske ynfloed hân hat.

De Romeinske skiedskriuwers lykas Tacitus brûkten foar it eilân de beneaming 'Albion', nei it Latynske wurd 'albus' (wyt), de kleur fan de krijtrotsen by Dover. De tsjintwurdige namme "Ingelân" wurdt in soad brûkt foar hiel Grut-Brittanje. Dat is krekt deselde flater as "Hollân" te brûken foar hiel Nederlân.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

De Ingelske taal is sûnt de 20e ieu de meast fersprate lingua franca en sprutsen taal op de wrâld. Dat is benammen it gefolch west fan de Britske ekspansy yn de 19e ieu en de alyksa dominearende rol fan it ek Ingelsktalige Feriene Steaten.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Regio's[bewurkje seksje | edit source]

Ingelân is offisjeel yn njoggen Ingelske regio's opdield:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]