Amerikaanske Boargeroarloch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De boargeroarloch wie ien fan de earste oarloggen dêr't foto's fan binne

De Amerikaanske boargeroarloch wie fan 1861 oant 1865 en gie tusken de noardlike steaten (de Uny) en súdlike steaten (de Konfederaasje) fan de Feriene Steaten. Yn dizze kriich foelen in protte slachtoffers, de troepen fan it noarden ferlearen 359.000 man, dy fan it suden 288.000.

Yn 1860-1861 skiede in groep súdlike steaten har ôf fan de Feriene Steaten. De noardlike en súdlike steaten ferskilden fan inoar, omdat de noardlike steaten sterk yndustrialiseare wienen, wylst it suden benammen agrarysk wie. It suden freze de tanimmende macht fan it noarden en wie benaud foar herfoarmingen en ôfskaffing fan de slavernij.

Mei de oanfal fan de Konfederaasje op it Fort Sumter yn Charleston yn Súd Karolina begûn de boargerkriich. De striid einige mei de oerwinning troch de Uny.