Slavernij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Slavetransport yn Afrika, gravuere út Lehrbuch der Weltgeschichte oder Die Geschichte der Menschheit, William Rednbacher, 1890

Slavernij is in tastân wêrby't minsken as eigendom holden wurde. It begryp ferwiist ek nei it maatskiplik stelsel wêrby't slaven holden wurde meie. Omdat de mins as eigendom holden wurdt, hoecht de slavehâlder gjin lean te beteljen. Slavetsjinst en slavehannel wie eartiids in wichtige ekonomyske faktor.

Slavernij kaam foar yn de âldheid en yn de midsieuwen. De bekendste slavernij wie dy yn de tiid fan de kolonisaasje fan de de 16e oant en mei de 19e ieu. Moderne slavernij moat socht wurden yn Afrika en by guon prostituees út East-Europa, Aazje, Súd-Amearika en Afrika.