Súd Karolina

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of South Carolina
Vlag van South Carolina Zegel van South Carolina
Map of USA highlighting South Carolina.png
Ofkoarting
Haadstêd Columbia
Tiidsône -5
Algemien
Oerflakte 82.965
Befolking 4.198.068
Oare ynformaasje
Tatreden 23 maaie 1788
Oantal countys 46

Súd Karolina is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Kolumbia.

Skiednis [bewurkje seksje]

Súd Karolina waard eartiids befolke troch yndianestammen as de Kreek-Yndianen.

De steat is ferneamd nei de Britske kening Karel I. Yn de 18e ieu wie it ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Ingelske oerhearsking. Op 23 maaie 1788 waard Súd Karolina de 8e steat fan de Feriene Steaten.

Súd Karolina, dêr't in protte slavernij wie, stie yn de Amerikaanske Boargeroarloch oan de side fan de Konfederaasje. By Fort Sumter fûnen yn april 1861 de earste gefjochten plak fan dizze oarloch.

Geografy [bewurkje seksje]

De steat Súd Karolina is 82.965 km² grut en leit yn de Easterske tiidsône.

Súd Karolina leit oan de Atlantyske Oseaan en grinzet yn it noarden oan de steat Noard Karolina en yn it westen oan Georgia.

De wichtichste rivier is de Savannah, dy't in grut diel fan de grins mei Georgia foarmet en dat by it plak mei deselde namme yn de oseaan útmûnet. Foar de kust lizze in protte lytse eilannen. Yn de steat sels lizze ek in oantal grutte marren, û.o Lake Marion, Lake Moultrie, Lake Murray, Hartwell Lake, Russell Lake en Clarks Hill Lake.

It noardwesten fan de steat is it meast heuveleftich, mei de pyk fan Sassafras Mountain (1085 meter) as heechste punt.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]