Teksas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Texas
Vlag van Texas Zegel van Texas
Map of USA TX.svg
Ofkoarting 254
Haadstêd Austin
Tiidsône -6 / -7
Algemien
Oerflakte 696.241
Befolking 22.490.022
Oare ynformaasje
Tatreden 29 desimber 1845
Oantal countys

Teksas is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika en de op ien nij grutste yn oerflakte. De haadstêd is Austin. Oare wichtige stêden binne Houston, Dallas en San Antonio. De steat beskikt oer in protte oaljeboarnen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids waard it gebiet befolke troch yndianestammen. Noch hieltyd wenne yn Teksas Apache, Atakapa, Bidai, Caddo, Comanche, Karankawa, Kiowa, Tonkawa, en Wichita.

Op 6 novimber 1528 sette de Spaanske konkwistadore Álvar Núñez Cabeza de Vaca, dy't skipbrek liede hie, as earste Jeropeaan foet op Teksaanske boaiem. Al mei al hawwe fjouwer naasjes oer Teksas regeard, te witten: Frankryk, Spanje, Meksiko en de Feriene Staten. Teksas is ek in skoft ûnofhinklik west: de Teksaanske Republyk.

Nei it tiidrek fan de Yndianen waard Teksas oermastere troch de Spanjerts en makke ynearsten diel út fan de Spaanske koloanje Nij-Spanje. Nei de Meksikaanske ûnôfhinklikheidstriid yn 1821 waard Teksas ûnderdiel fan Meksiko.

Yn de jierren dêrnei soe de befolking fan Teksas stadichoan troch emigraasje fan Anglo-Amerikanen hieltyd mear feringelskje oant der in situaasje ûntstie dat sy de mearderheid fan de befolking útmeitsje soenen. De Anglo-Teksanen waarden Teksians neamd, de Spaansk/Meksikaanse Teksanen Tejano's. Yn 1835 kamen de Teksians tsjin de Meksikaanske diktator Antonio López de Santa Anna yn opstân en rôpen de ûnôfhinklikheid út fan Teksas.

De rebellen waarden ynearsten troch de Meksikanen ferslein, mar yn it foarjier fan 1836 hellen sy de oerwinning op Santa Anna yn de slach by San Jakinto en nommen him finzen. Ferfolgens waard de ûnôfhinklikheid fan de Republyk Teksas erkend. De Teksanen beskôgen de Rio Grande as harren westgrins. Yn 1840 ûntstie oan de oare side fan de Rio Grande foar in koarte tiid de ûnôfhinklike Republyk fan de Rio Grande. Doe't dy yn datselde jier op gewelddiedige wize wer by Meksiko foege waard sochten de Teksanen stipe by de Feriene Steaten.

Op 29 desimber 1845 waard Teksas de 28e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

El Capitan

De steat Teksas is 678.054 km² grut en grinzet yn it noarden oan de steat Oklahoma; yn it westen oan de steat Nij Meksiko, yn it suden oan it lân Meksiko en de Golf fan Meksiko; yn it easten oan de steat Louisiana; en yn it noardeasten oan de steat Arkansas. It meastepart fan Teksas leit yn de Sintrale-tiidsône; it uterste westen, wêrûnder El Paso, is ûnderdiel fan de Mountain-tiidsône.

Yn totaal kinne fiif geografyske regio's oantsjutten wurde.

  1. de Kustflakte, fan de Golf fan Meksiko lânynwerts oant San Antonio en te súdeasten fan Austin
  2. de "Hill Country" en it "Edwards Plateau", in heuveleftich gebiet yn sintraal-Teksas, begrinze yn it easten troch de "Balcones zone" en de "Blackland prairie".
  3. de Grutte Flakten, dy't him útstrekket oant yn noard-Teksas, wêrûnder de Llano Estacado en de Panhandle heechflakte
  4. de Noardlike flakte
  5. de Trans Pecos woastyn

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Teksas hat in grutte Spaansktalige befolking, de saneamde (Hispanics). In grut part hjirfan is fan resinte komôf út Meksiko, Sintraal-Amearika en Súd-Amearika. It oare part, bekend as Tejanos, stamje ôf fan de minsken dy't al yn Teksas wennen foardat de steat ûnôfhinklik fan Meksiko waard. Oars as by de oare steaten yn de Feriene Steaten dy't oan Meksiko grinzje giet de Teksaanske kultuer ticht by de grins hiel stadich oer yn de Meksikaanske.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Florida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard Dakota - Noard Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd Dakota - Súd Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoa - Guam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia