Santy Yndiaanske Organisaasje

Ut Wikipedy
Santy Yndiaanske Organisaasje
Ingelsk Santee Indian Organization
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Súd-Karolina
haadkertier Holly Hill (Súd-Karolina)
etnisiteit Santy
ledetal 600 (2006)
oprjochting 1972
status steatserkenning
erkenning Súd-Karolina
reservaat
reservaat gjin reservaat
kaart
Santy Yndiaanske Organisaasje (Súd-Karolina)
Santy Yndiaanske Organisaasje
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Karolina.

De Santy Yndiaanske Organisaasje (Ingelsk: Santee Indian Organization) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten mei erkenning op steatsnivo yn 'e steat Súd-Karolina. De stamme, dy't oprjochte waard yn 1972, stie foarhinne bekend ûnder de nammen White Oak Yndianemienskip (White Oak Indian Community) of White Oak Mienskip (White Oak Community) en ek wol as de Santy fan Holly Hill (Santee of Holly Hill).

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Santy Yndiaanske Organisaasje hat likernôch 600 leden, mar beskikt net oer in eigen reservaat. It haadkertier is fêstige yn Holly Hill, yn Súd-Karolina. De leden besteane út etnyske Santy (Santee), dy't net betize wurde moatte mei Santy-Sû (Santee Sioux), mei't deselde namme ek in alternative oantsjutting is foar de Eastlike Dakota, ien fan 'e trije folksdielen fan 'e (Sioux).

Erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Santy Yndiaanske Organisaasje al op 4 juny 1979 in petysje oanbea oan it Amerikaanske Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), wat de gebrûklike earste stap is om federale erkenning oan te freegjen, is dat in tige dreech proses bleken, en rint dy oanfraach noch altiten. Underwilens is de organisaasje yn 2006 as in Yndiaanske stamme (de heechste fan trije mooglike gradaasjes) erkend troch de steat Súd-Karolina.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.