Jeropide ras

Ut Wikipedy

It jeropide ras, europide ras of blanke ras is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste iuw frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "jeropide" (of "europide") kombinearret de stam "Jeropa" (of "Europa"), mei de útgong "-ide", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurdt it eigentlike wurd "ras" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen as "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it jeropide ras oer it algemien in wat ovaler antlit, mei in útstekkender noas en tinnere lippen.

Tradisjonele yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta it jeropide ras waard behalven de befolking fan it grutste part fan Jeropa ek de wat dûnkerder tinte folken fan Noard-Afrika, it Heine Easten en Noard-Yndia rekkene. Dêrby ynbegrepen wiene (op grûn fan dúdlike sibskip mei de Arabieren) ek de Etiopyske folken en guon oare Afrikanen mei in dûnkere hûdskleur, lykas de Somaliërs). Party Jeropeeske folken, lykas de Turken, Finnen en Hongaren, waarden lykwols wer net ta it jeropide ras rekkene. De yndieling fan dit ras wie sadwaande rûchwei sa:

Galery fan it jeropide ras neffens de âlde klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.