Taksonomy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Taksonomy is de wittenskip fan it yndielen. Taksonomy ferwiist sawol nei de klassifikaasje fan dingen as nei de metoade dy't oan de basis fan dizze klassifikaasje leit. Hast alles kin taksonomysk yndield wurde: libbene wêzens, dingen, plakken, foarfallen en gean sa mar troch.

Biologyske taksonomy[bewurkje seksje | edit source]

Yn de biology giet it benammen om it yndielen fan bisten en planten yn groepen op grûn fan harren natuerlike ferwantskip. Ek de termen systematyk en kladistyk wurde hjir wol foar brûkt.

Anatomy[bewurkje seksje | edit source]

De biologyske taksonomy giet werom op Linnaeus yn de 18e ieu en wie yn earste ynstânsje basearre op anatomyske fergeliking fan libbene wêzens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronklike systeem dielde de wêzens yn yn soarten (species), skaaien (genus), famyljes ( familia), skiften (ordo), klassen (classis), stammen (phylum) en riken (regnum), mar der waard oannommen dat soarten ûnferoarlik wiene.

Fossilen[bewurkje seksje | edit source]

Oer dizze yndieling ûnstie yn de 19e ieu in soad diskusje, omdat troch de evolúsjeteory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan stamferwantskip. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.

DNA[bewurkje seksje | edit source]

Yn de lêste jierren fan de 20e ieu kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, DNA-besibbens, meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no (2004) noch mar foar in part te oersjen.

Tapassing[bewurkje seksje | edit source]

Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen (taksa, inkelfâld takson) binne dy't monofyletysk binne, dat wol sizze dat:

  • de groep fan ien stamfoarm ôfstammet en
  • alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.

In takson dat net oan de earste eask foldocht wurdt polyfyletysk neamd, en in takson dat wol oan de earste mar net oan de twadde eask foldocht wurdt parafyletysk neamd. Fierder hat men yn guon foarmen fan taksonomy de organisaasjelagen heger as skaai mar ôfskaft, omdat der geandewei mear tuskenlagen en laachjes by kamen. (boppeskift, ûnderskift, boppefamylje, ûnderfamylje ensf.)

Probleem is lykwols dat guon taksa, dy't noch stamme út de tiid fan Linnaeus, sa ynboargere binne dat se diel útmeitsje fan de deistige taal en dêrom beswierlik ôf te skaffen binne. In foarbyld dêrfan is de Klasse Reptilen, Reptilia. binne in sa ynboargere begryp dat se in diel fan it gewoane spraakgebrûk wurden binne. Taksonomysk is de Klasse Reptilia net akseptabel omdat bygelyks de fûgels dêryn misse, hoewol ek dy ôfstamme fan de lêste mienskiplike foarâlden dy't de tsjintwurdige slangen, krokodillen skylpodden ensf. mien hawwe. Reptilia is dêrmei in parafyletyske takson.

Dit lêste probleem wie al bekend foardat it DNA-ûndersyk de stambeam fan it libben trochelkoar begûn te skodzjen. Sa die út it DNA ûndersyk fan de sûchdieren bygelyks bliken dat sterk ynboargere taksa as de Insectivora yn werklikheid polyfyletysk wiene. De Afrikaanske en Madagaskyske leden fan dit no fersmiten takson, blykten mear ferwantskip te hawwen mei de oaljefant as mei de spitsmûzen.

De taksonomy is dêrom anno 2003, ûndanks in histoarje fan 300 jier, in libben gebiet fan ûndersyk en stúdzje.

Kompjûterstjoerde taksonomyen[bewurkje seksje | edit source]

De lêste jierren wurdt der yn de fakgebieten ynformatika en kunstmjittige yntelliginsje besocht in kompjûter automatysk in taksonomy meitsje te litten fan fan in samling objekten. In bekend foarbyld is it automatysk klassifisearjen fan in groep dokuminten, bygelyks foar digitale biblioteken.

Opfallend is dat yn dy fakgebieten ûnderskied makke wurdt tusken in taksonomy en in typology. It ferskil sit benammen yn de wizze wêrop de yndieling ta stân komt (yn de ynformatika: it klassifikaasje-algoritme). By in taksonomy giet men út fan in groep foarbyld-objekten dy't men besiket te ferdielen. By in typology begjint men fan it konsept út: hokker eigenskippen soe in objekt normaliter hawwe kinne en dielt se dan neffens dy regels yn. Men soe sizze kinne dat taksonomyen empyrysk (ynduktyf) ta stân komme en typologyen konseptueel (deduktyf).